Griene stroom yn Afrika

desimber 11, 2019 10:00

Yn Afrika stappe hieltyd mear húshâldingen fan hielendal gjin elektrisiteit oer op griene stroom. Yn Kenia bygelyks binne hieltyd mear sinnepanielen te sjen op de dakken fan earme minsken. De sinne laadt harren mobyltsje, radio en telefyzje op.

Ofbylding: pixabay.com

Kenianen kinne in pakket keapje, mei dêryn neist in sinnepaniel ek fjouwer ljochten, in radio, in kabel dy’t de mobyl oplade kin, in bûslampe en in telefyzje. Hja betelje dêr ien kear 55 euro foar en dêrnei sa’n twa jier lang tachtich eurosint deis. Dêrnei is alles fan harren en de stroom dus fergees. Beteljen giet fia de mobile telefoan. Wurdt in dei net betelle, dan wurde minsken ôfsletten.

In protte Afrikanen brûke noch oaljelampen, mar dat stjonkt en walmet en is net goed foar de sûnens. Hoewol’t der ek elektrisiteitspeallen stean, kieze in protte minsken no foar sinnepanielen. It elektrisiteitsnetwurk is ûnbetrouber, de stroom falt geregeld út. Yn Afrika hawwe neffens rûzing 600 miljoen Afrikanen noch hieltyd gjin stroom.

desimber 11, 2019 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.