Gemeenterie Beesel freget om fan it Limburchsk in bestjoerstaal te meitsjen

desimber 5, 2019 07:14 Fernijd

Yn gearkomsten fan de gemeenterie fan it Limburchske Beesel mei gjin Limburchsk praat wurde. Dat hat wethâlder Marcel Roelofs sein. Hy reagearre op in útstel fan ‘e partij Beeselse Lijst om it Limburchsk op syn minst ien kear yn it jier as gearkomstetaal te brûken. Neffens de wethâlder kin dat net, omdat it Limburchsk gjin offisjele bestjoerstaal is.

Beeselse Lijst jout him net ûnder dy situaasje del. De partij hat amtners de opdracht jûn om út te sykjen oft it Limburchsk wol yn ynformele gearkomsten brûkt wurde mei. Fierders hat de gemeenterie ienriedich de opdracht jûn oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders om der by de minister fan ynlânske saken op oan te stean dat it Limburchsk yn it iepenbier bestjoer brûkt wurde mei.

Apart genôch mei it Limburchsk oarekant de lânsgrins ek net yn gemeenterieden brûkt wurde, wylst it dêr as in foarm fan it Nederlânsk beskôge wurdt. Yn 2008 woene gemeenteriedsleden yn Voeren yn Belgysk Limburch it Limburchsk prate. Hja krigen dêr yn earste opslach gjin tastimming foar en giene yn berop by it provinsjebestjoer. De gûverneur fan Limburch oardiele doe dat it Limburchsk as foarm fan it Nederlânsk yn mûnling gebrûk tastien wie. De Flaamske minister fan ynlânske saken Marino Keulen wie it dêr net mei iens en sei dat Limburchsk wol Nederlânsk wie, mar dat de Belgyske wetten allinnich oer it Standertnederlânsk giene.

Yn Nederlân is allinnich it Nederlânsk tastien as fiertaal yn gemeenterieden, útsein yn Fryslân en op ‘e eilannen fan Karibysk Nederlân. Dochs komt streektaalgebrûk yn gemeenterieden wol foar. De Oeriselske gemeenten Rijssen-Holten en Zwartewaterland hawwe ferskate kearen yn it nijs west om’t de gemeenteriedsleden gearkomsten hâlden yn de pleatslike foarm fan it Nedersaksysk.

desimber 5, 2019 07:14 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.