Gemeente yn aksje tsjin twadde wenninggebrûk Hylpen

desimber 13, 2019 09:06

Súdwest-Fryslân pakt alve wenningeigeners yn Hylpen hanthavenjend oan. De alve brûke harren huzen yn de stêd as twadde wenning of ferhiere dy foar rekreatyf gebrûk. Dat is yn striid mei de regels.

De alve krije dizze wike in brief dêr’t de gemeente yn oanjout dat se binnen seis wiken ophâlde moatte mei it ferhieren of mei it brûken fan harren hûs as twadde wenning. It giet om in saneamde foaroankundiging lêst ûnder twangsom. Dat betsjut dat de gemeente noch gjin sanksjes opleit. De wenningeigeners hawwe no earst de gelegenheid om te reagearjen op it beslút fan de gemeente. As it útdraaie mocht op it oplizzen fan twangsommen, dan kinne dy fariearje fan 750 oant 1500 euro de oertrêding, oant in maksimum fan 6000 euro.

It rekreatyf brûken fan wenningen is in striidpunt yn Hylpen. De gemeente naam ferline jier it inisjatyf foar it projekt Leefber Hylpen, dat ek mooglike oplossings betinke moast foar it rekreatyf wenninggebrûk. Mar yn septimber fan dit jier bliek dat de stânpunten fan de belutsen ynwenners te fier útinoar lizze.

Al sûnt oktober 2018 fiere tasichthâlders fan de gemeente kontrôles út yn de stêd. It giet om santjin adressen, mei in oantal dêrfan yn it Beskerme Stedsgesicht. “De kontrôles waarden útfierd op ferskillende dagen en tiidstippen. Sommige adressen binne yn in jier tiid goed tweintich kear besocht”, seit wethâlder Mark de Man. “Yn ferskate gefallen hawwe der petearen west mei de op it adres oanwêzige persoanen. Sa hawwe wy in goed byld krigen fan it gebrûk fan de wenningen.”

Yn fiif gefallen waarden der gjin oertredings fêststeld. Ien wenning naam de gemeente noch gjin stânpunt oer yn. Yn de oare alve gefallen is der sprake fan rekreatyf ferhieren fia populêre ynternetsiden, of as twadde wenninggebrûk troch de eigener sels. “Dat is yn striid mei it bestimmingsplan. Dêrom hawwe wy no maatregels oankundige”, seit De Man. “Boppedat is it goed om te sjen dat der yn de stêd op ’e nij in diskusje op gong kommen is oer de grinzen dy’t de stedsbewenners akseptabel fine by twadde wenninggebrûk.”

De wethâlder wiist derop dat it rekreatyf gebrûk ek positive effekten hân hat. “Net allinne troch it toerisme en de ekonomyske ynkomsten dêrfan. Ek troch it tsjingean fan ferkrotting. It wiene krekt minsken fan bûten de stêd dy’t de ferkrotte wenningen kochten en opknapten, en se sa foar Hylpen beholden hawwe.”

desimber 13, 2019 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.