Geduld (gedicht)

desimber 7, 2019 09:30 Fernijd

Geduld

Foto: pixabay.com

Roerleas stil oan de wetterkant
stiet in reager slank en prûs,
wachtet op in lekker hapke,
tiid hat er by de rûs.

Oer’ en tiid is by him gjin tel,
de opbringst ek net te sizzen.
Wachtsje, wachtsje mei geduld,
foar ús net út te lizzen.

Dan ynienen hat er kâns.
Wat swimt dêr yn it wetter?
In griene kikkert achteleas.
Foar de reager kin ’t net better.

Ien haal mei syn skerpe lâns,
sa ferwynt in kostber miel.
Mei in pear flinke halen
troch reagers slanke kiel.

Geduld dat wurdt beleanne.
Wy ferjitte dat te faak,
mar kinne fan in reager leare:
Geduld is ‘een schone zaak’.

Reinder Posthuma

desimber 7, 2019 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.