Fryslân DOK-dokumintêres op twa filmfestivals yn Italië

desimber 2, 2019 09:40

Twa dokumintêres fan Omrop Fryslân út de Fryslân DOK-searje De grinzen fan Europa binne te sjen op twa ferskillende festivals yn Italië. Op sneon 30 novimber lit minderhedefestival Suns Europe yn de stêd Udine Feroaring yn ’e loft sjen. Dy dokumintêre giet oer de Val d’Aran yn de Pyreneeën, it meast noardwestlike stikje fan Kataloanië. It programma is yn Udine te sjen mei ûndertitels yn it Ingelsk.

Aranezen (foto: Omrop Fryslân)

Op 5 desimber wurdt op it Babel Filmfestival op Sardinië de dokumintêre Kjeld yn ’e loft fertoand, oer de Sámi yn it noarden fan Sweden. Spesjaal foar de fertoaning yn de Sardyske haadstêd Cagliari is it programma troch de organisaasje fan it festival foarsjoen fan ûndertitels yn it Italiaansk.It twajierlikse Babel Filmfestival rjochtet him op films en dokumintêres yn minderheidstalen. It festival hat dit jier mei-inoar sân dokumintêres selektearre út Italië, Spanje, Frankryk en Fryslân. It is foar it earst dat it Babel Filmfestival in film of dokumintêre út Fryslân yn it programma opnommen hat. De fertoaning fan de dokumintêres is in kompetysje. Der kin sawol in sjuerypriis as in publykspriis wûn wurde. De beskikbere prizen wurde op sneon 7 desimber útrikt op in grutte gala-jûn.

Sámi (foto: Omrop Fryslân)

De grinzen fan Europa – teloarstelling oer de EU
Yn De grinzen fan Europa ûndersocht Fryslân DOK yn de moannen foar de Europeeske ferkiezings hoe’t trije ûnderskate Europeeske minderheden tsjin de Europeeske Uny oansjogge. De programmamakkers wiene yn Plovdiv, Bulgarije te gast by de Roma; fierwei de grutste, mar ek de earmste minderheid fan Europa. Kjeld yn ’e loft giet oer de Sámi yn Sweden. Sy binne minderheid yn eigen streek en sjogge hieltyd minder romte foar de eigen tradisjonele libbenswize mei rindieren. De lêste ôflevering giet oer de Val d’Aran op de grins fan Frankryk en Spanje, in minderheid yn in minderheid. Dy lytse Araneeske minderheid is tagelyk iepen nei nijkommers én suksesfol yn it bewarjen en stimulearjen fan de eigen taal en kultuer.

Yn alle trije ôfleveringen registrearre Fryslân DOK mear teloarstelling oer de Europeeske Uny as entûsjasme. De Europeeske Uny fan no is der mear foar de lidsteaten as foar de boargers, sa is it gefoel. De trije dokumintêres binne makke troch kameraman Jan Bensliman, sjoernalist Onno Falkena en regisseur Bart Kingma. De Fryslân DOK-searje De grinzen fan Europa wurdt yn de earste wiken fan 2020 op ‘e nij útstjoerd op NPO2 en Omrop Fryslân.

desimber 2, 2019 09:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.