Fryske biblioteken jouwe Frysk Sinteklaasdochboek kado

desimber 3, 2019 07:55

Yn alle Fryske biblioteken leit it Frysktalige Sinteklaasdochboek klear, foar bern, pakes en beppes, koartsein foar elkenien dy’t fan spultsjes hâldt en it moai fynt om Frysk te lêzen.

Frysk Sinteklaasdochboek
It Fryske Sinteklaasdochboek is in presint fan de Fryske Biblioteken foar elkenien dy’t it moai fynt om spultsjes te dwaan. Help mei heit, mem, pake of beppe Fytspyt mei syn Alvestêdetocht, meitsje de ‘grutte wurdsiker’ of kleurje lekker. Der sit fan alles yn. It dochboek is oant en mei tongersdei 5 desimber fergees op te heljen by ien fan de Fryske Biblioteken.

Nasjonale Sinteklaasboeke-aksje
Mei it dochboek slute de Fryske biblioteken oan by de nasjonale Sinteklaasboeke-aksje fan de Poiesz Supermerken en Unilever. Dy bringe lanlik trije Sinteklaasboeken út, skreaun troch Rafael van der Vaart, Nicolette van Dam en Wendy van Dijk. Dit jier binne dy boeken foar it earst yn it Frysk oerset. De printeboeken kriget men kado by de boadskippen. Fansels binne se ek te lien by de biblioteken yn Fryslân.

Meartaligens
De Fryske biblioteken stimulearje meartaligens om’t it in protte foardielen hat. Sa soarget meartaligens ûnder oare foar in bettere kommunikative en sosjale ûntwikkeling. Dat jildt fansels ek foar it Frysk. Hoe mear’t men de Fryske taal brûkt, hoe better de ûntwikkeling fan dy taal. De biblioteken binne dêrom tige bliid mei de Fryske oersetting fan de printeboeken en it Fryske Dochboek. De oersetting en de ûntwikkeling fan it dochboek wie yn gearwurking mei Fers.

desimber 3, 2019 07:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.