Frysk ûnderwiis op soad basisskoallen noch net yn oarder

desimber 5, 2019 15:06

It ûnderwiis yn it Frysk is op in soad basisskoallen yn Fryslân noch net yn oarder. In soad skoallen fine it dreech om it fak goed oan te bieden. Dat skriuwt de Ynspeksje fan it Underwiis tongersdei yn in parseberjocht oer syn ûndersyk nei it Frysk. De provinsje Fryslân lûkt oan de skoalbelle en wiist de skoallen op harren eigen ferantwurdlikheid.

Foto © Aant Mulder

Yn 2010 kaam de Ynspeksje fan it Underwiis mei in kritysk rapport. Dêryn diene se ferskate oanbefellingen oan de provinsje. Dy hat it provinsjebestjoer mei faasje oppakt, oardielet de ynspeksje no. Yn de ôfrûne jierren kaam de provinsje ûnder oaren mei it Taalplan Frysk en liet de provinsje ferskate ûnderwiismaterialen ûntwikkelje lykas GRIP, Spoar 8 en Searje 36. Spitigernôch blike noch te min skoallen dêr gebrûk fan te meitsjen.

Yn it hjoed ferskynde rapport neamt de ynspeksje it posityf dat de provinsje Fryslân de oanbefellingen opfolge hat. It brûken fan de materialen freget no noch wol ekstra omtinken. Ut it rapport docht fierder bliken dat skoallen te min ambysje sjen litte om harren Taalplan Frysk-profyl op te skroeven. Ek jouwe de learlingen oan dat se de Fryske lessen net leuk en learsum fine, hoewol’t se wol graach better Frysk leare wolle.

Deputearre Sietse Poepjes is bliid mei de wurdearring foar de ynset fan de provinsje, mar neamt it foarriedich om te stellen dat de resultaten efterbliuwe. Sy is it mei de ynspeksje iens dat der noch in soad wurk oan ‘e winkel is. “De situaasje yn Fryslân is seker noch net optimaal. Dat betsjut dat wy hurd wurkje sille oan de posysje fan it Frysk op skoallen. Wy geane foar groei en wolle dat mei de skoallen dwaan. Sy moatte echt harren ferantwurdlikens nimme as it giet om it Frysk. Dêr binne kânsen genôch foar, grif mei alles wat Kulturele Haadstêd ús oplevere hat en ús nije titel City of Literature. Wy wolle it fak noch oantrekliker meitsje troch dêrop oan te heakjen en ek te sjen nei ûnderwiisfernijing.”

Untheffing
Om mei it fak Frysk goed oan te sluten op de taalbehearsking fan de learlingen, krigen guon skoallen ûntheffing op guon ûnderdielen. De ynspeksje stelt dat dy remjend wurket op it ambysjenivo foar de taalbehearsking. Poepjes seit: ‘It efterlizzende doel fan de ûntheffing is om de taalbehearsking gauwer omheech te bringen, sadat dy ûnderdielen letter al oan de oarder komme koene en in ûntheffing net mear nedich is. Wy beskôgje de ferliende ûntheffingen as in nulmjitting. It is in groeimodel dêr’t skoallen harren ambysjes hieltyd fierder yn nei boppen ta bystelle kinne.”

Poepjes sil it rapport fan de ynspeksje mei de skoallen beprate om de útfiering fan alle opmerkingen en oanbefellingen klear te krijen.

desimber 5, 2019 15:06
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jangerben Mulder desimber 5, 16:34

    Ik bin in roppende yn de woestyn, Pier Bergsma, Sis Tsiis ensfh. reagearje net op myn skriuwen. De bern dy’t op skoalle Frysk leare moatte nei de byb om Frysk te lêzen.
    De kranten jouwe net thús. Dy fertkke it gewoan om wat yn it Frysk te skriuwen wat de hús-oan-húsblêden oanbelanget.En yn de Ljouweter soe in Fryske bernerubryk ek in goed ding wêze.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.