Frysk printeboek oer Simen Slak

desimber 4, 2019 09:17 Fernijd

By Elikser is in nij Frysk printeboek ferskynd: It hûs fan Simen. It giet oer Simen Slak dy’t oare bisten helpe wol en dêrtroch in fierstente swier hûs krijt.

Ofbylding: Elikser

Oer it boek:
Simen Slak is grutsk op syn hûs.
Foaral op de bûtenkant.
Binnen is it mar saai. Der moat wat moais, wat fijns yn komme, fynt Simen.
Mar wêr fynst dat?
Yn it bosk komt er syn freonen tsjin.
Hy kin se net allinnich helpe mei harren problemen, hy krijt sels antwurd op syn fraach.
Syn slakkehûs wurdt foller en foller.
In oar helpe is moai, mar is dat ek goed foar Simen sels?
Hy komt hast net mear foarút …
Gelokkich hat de nachtûle in oplossing.
En dan komt sels nóch in grutte dream fan Simen út …

Oer de skriuwster:
Marianna van Tuinen (1951) makket sûnt har oplieding oan de Akademy foar Byldzjende Keunsten Minerva printeboeken mei kollaazjes fan papier. Der binne al ferskate boeken fan har hân ferskynd by Elikser.

Oer de oersetster:
Ytsje Steen-Buwalda wurket sûnt 2001 as freelance oersetter en korrektor, ûnder oaren foar Elikser en de Afûk. Yn 2010 hat sy it jeugdboek Koning van Katoren fan Jan Terlouw oerset yn it Frysk: Kening fan Katoaren, en yn 2016 ferskynde har oersetting Jip en Janneke yn it Frysk.

Titel: It hûs fan Simen | Skriuwster: Marianna van Tuinen (Ysbrechtum) | Oersetster: Ytsje Steen-Buwalda (Boalsert) | Tal siden: 40 | ISBN: 978-94-6365-189-9 | Priis: € 15,50

desimber 4, 2019 09:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.