Frysk Museum set yn midwinternacht de doarren iepen

desimber 19, 2019 09:44

Spesjaal foar de útstalling Wij Vikingen fiert it Frysk Museum sneon 21 desimber Midwinternacht. Op de koartste dei fan it jier soarget it museum foar in magyske ûnderfining. Der binne ferskate aktiviteiten foar jong en âld en it museum is iepen oant 22.00 oere. Abe de Ferteller, Diana Spiekhout en oaren fertelle ferhalen yn de útstalling en der is live muzyk. Slieker Film draait de broeierige horrorfilm Midsommar en Elbrich Schoorstra fan de Ljouwerter tattooshop Drakkar Tattoo tatoeëarret live yn de hal. Leaver gjin permanint oantinken? Bern kinne in ‘echte’ neptatoeaazje nimme. It wurdt oanmoedige om ferklaaid as Wytsing nei it museum te kommen. Om 20.00 oere is der in kostuumwedstryd foar de Best Dressed Wytsing. Sjoch foar it aktuele programma en om kaarten te reservearjen op de webside fan it Frysk Museum. Der jildt in studintekoarting.

Abe de Ferteller (foto: Frysk Museum)

Sneon 21 desimber is it fan 13.00 oere ôf ekstra sfearfol yn it museum. Bern dogge mei oan de workshop Wytsingskylden meitsje en boatsjes bouwe. Yn de fersierde hal is by de kreamkes glühwein en Rodulf de Wytsingspesjaalbier te heljen. De museumwinkel is útwreide mei ekstra oantreklike Wytsingaccessoires. Foar folwoeksenen binne der workshops swurdfjochtsjen en mesmeitsjen. Yn de útstalling Wij Vikingen steane der gidsen op seal en der wurde oant let yn ’e  nacht ferhalen ferteld. Beropsferteller Abe de Ferteller nimt jo mei nei de mytes en sagen fan it Noarden. Diana Spiekhout, konservator fan de útstalling, fertelt oer Wytsingoanfallen yn Frisia.
Meikoarten stiet it programma mei tiden en oanmeldynformaasje op de webside fan it Frysk Museum. De reguliere yntreeprizen jilde, museumkaart en BGL VIPpas binne gewoan jildich, bern o/m 17 jier kinne fergees deryn. Sjoch foar de prizen foar studinten op de webside.

Rodulf de Wytsing (foto: Frysk Museum)

Films, muzyk en tatoeaazjes
Alles is út de koartste dei fan it jier te heljen. De dei begjint mei Midsommar (16+) yn Slieker Film. In broeierige horrorfilm oer de langste dei fan it jier, as de sinne krekt net ûnder giet.

Hand-poke tattoo-artyst Schoorstra fan Drakkar Tattoos tatoeëarret dy jûns live yn it museum. Se is spesjalisearre yn Fryske en Noarske mytologyske designs. Der binne ek tatoeaazje-artysten dy’t net-permaninte tatoeaazjes sette mei stiften, aardich foar bern. It muzikale folktrio Shoe Eating Rabbits soarget foar sfear en spilet de hiele jûn op ferskate plakken yn it museum.

Iepeningstiden yn de krystfakânsje
It hiele museum is sneon 21 desimber iepen fan 11.00 oant 22.00 oere. Éric fan Hove: Fenduq is ek te besjen en de Fryske Motor te bewûnderjen. Yn de krystfakânsje is it museum ekstra iepen op moandei 23 en 30 desimber en op Twadde Krystdei en âldjiersdei fan 11.00 oant 17.00 oere. Op Earste Krystdei en nijjiersdei is it museum ticht.

desimber 19, 2019 09:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.