Frysk Fersetsmuseum sil trije wike ticht fanwege werynrjochting

desimber 1, 2019 09:02 Fernijd

It Frysk Fersetsmuseum is fan moandei 2 desimber ôf trije wike ticht fanwege in werynrjochting. Om it museum tagonkliker en foar in breder publyk oantreklik te meitsjen, wurdt de fêste presintaasje oanpast.

It Frysk Fersetsmuseum is ûnderdiel fan it Frysk Museum (foto: Ruben van Vliet)

In stikmannich objekten wurdt wiksele, útstallingsteksten wurde tenei yn fjouwer talen oanbean en de lêste seal komt yn it teken te stean fan frijheid anno no. Dêrmei wurdt it Frysk Fersetsmuseum ree makke foar de takomst en it betinkingsjier 2020. Op 21 desimber, de earste dei fan de krystfakânsje, iepenet it fernijde museum syn doarren wer. It Frysk Museum, dêr’t it Frysk Fersetsmuseum ûnderdiel fan útmakket, bliuwt de kommende perioade wol gewoan iepen.

It Frysk Fersetsmuseum is sûnt 2013 in fêst ûnderdiel fan it Frysk Museum. It is in plak dêr’t besikers, de bewenners fan Fryslân yn de jierren 1940-1945 moetsje. Friezen en net-Friezen fertelle hoe’t sy de oarloch op it plattelân yn Fryslân belibben. Nei de werynrjochting moatte dy ferhalen noch krêftiger wurde.

Frijheid no
De Twadde Wrâldoarloch foarme de direkte oanlieding foar it opstellen fan de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske. De lêste seal fan it Frysk Fersetsmuseum presintearret persoanlike ferhalen dy’t woartele binne yn de rjochten dy’t dêryn fêstlein binne. De presintaasje lit sjen hokker frijheden wy nei de oarloch krigen ha. Ferskate ynwenners fan Fryslân fertelle dêr har persoanlike ferhaal. Besikers krije sa in nije blik op minskerjochten anno no.

75 jier frijheid
Takom jier fiere Nederlân en Fryslân dat it 75 jier lyn wie dat de Twadde Wrâldoarloch beëinige waard. It hiele jier wurde der yn Nederlân spesjale aktiviteiten, betinkings en eveneminten organisearre. It Frysk Fersetsmuseum docht dêroan mei. Neist de fêste opstelling biedt it museum fan 11 april 2020 o/m 6 septimber 2020 in poadium foar ferskate projekten yn it ramt fan 75 jier frijheid yn Fryslân.

desimber 1, 2019 09:02 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.