Friezen betelje it minst foar autofersekering

desimber 10, 2019 09:32

Autobesitters yn de provinsje Fryslân betelje yn trochsneed de leechste preemje foar harren autofersekering. Dat jildt foar hast alle âldensgroepen en by alle mooglike dekkingsfoarmen. Dat docht bliken út in analyze fan Independer. In goed miljoen ferlikings fan autofersekeringen – tusken 1 jannewaris 2019 en 1 novimber 2019 – is dêrby yn kaart brocht.

Foto: pixabay.com

Preemjes Fryslân gâns leger
De trochsneed jierpreemje foar in WA-autofersekering yn Nederlân berint 603 euro. Yn Fryslân is dat bedrach goed hûndert euro leger, nammentlik 502,17 euro. By de oare twa dekkingsfoarmen is der sprake fan grutte ferskillen. De WA+-dekking (ek wol: beheind kasko) kostet in Nederlânske automobilist sa’n 666 euro op jierbasis. Friezen dy’t WA+ fersekere binne betelje yn trochsneed ‘mar’ 547 euro (119 euro ferskil) en by de allrisk-dekking is sels sprake fan 172 euro ferskil.

Grutste ferskil sichtber by Súd-Hollân
Yn Súd-Hollân betelje autobesitters de heechste preemjes. De jierpreemje foar in WA-dekking berint dêr yn trochsneed 721 euro. Dat is tweintich persint heger as de lanlike trochsneed. De preemje foar in WA+-dekking is yn Súd-Hollân achttjin persint heger as lanlik (787 euro) en de jierpreemje foar in folsleine kaskodekking is 1.236 euro. Dat is sechtjin persint mear as lanlik yn trochsneed.

Jongerein yn Fryslân
Oer it algemien betelje foaral jongelju al jierren tige hege preemjes foar harren autofersekering. Yn trochsneed betelje dy 1.307 euro foar in WA-fersekering, 1.379 euro foar WA+ en 2.063 euro foar in folsleine kaskodekking. Yn Fryslân binne dy trochsneed preemjes mei respektyflik 1.146 euro (WA), 1.178 euro (WA+) en 1.766 euro (folslein kasko) in stik leger.

Besjoch foar de folsleine AP-analyze de autofersekeringspreemjekaart 2019.

desimber 10, 2019 09:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.