Frâns Kuipers: Mylder

desimber 28, 2019 19:25

Kollum

De measte minsken wolle neat te meitsjen ha mei aktive polityk. Eigen túntsje earst. “Neat foar my”, wurdt der meastal andere, as immen in fraach kriget om lid te wurden fan in politike partij. Om leden te finen foar gemeenterieden of Provinsjale Steaten, is faak ek in hiele toer. De measten dy’t geskikt binne sjogge wol út. Wa’t it úteinlik dochs dogge, fertsjinje, wat my oan belanget, oan it begjin fan harren karriêre al in ‘lintsje’. Lid wurde fan de Twadde Keamer falt hjir bûten, want soks wurdt yntern regele troch politike partijen. Alle kearen binne der foldwaande gadingmakkers foar it Keamerlidmaatskip. Hurd oan it wurk foar Nederlân? Der ferdwine tuskentiids te folle Keamerleden (37). Hurd oan it wurk foar Nederlân falt dus ôf. Jild? Status?

Ferwachtingen
Wy ferwachtsje as befolking dat politisy ús gemeenten, ús provinsjes, ús lân goed bestjoere. Se krije der ridlik goed foar betelle. Goed besjoen is it (betelle) frijwilligerswurk, want polityk is gjin berop. Jo kinne der net foar leare of studearje, alhoewol’t der faak wol mear leden in hegere berops- of universitêre stúdzje folge ha. Soks is gjin garânsje foar sukses. Polityk leit jo of it leit jo net. Fan dei ien ôf moatte se oan ’e bak. Yn myn tiid as Steatelid (1992-2007) gie en wie dat hiel oars. Doe wie de konkurrinsje – binnen it CDA, w\dêr’t ik lid fan bin – grut. Stiest net samar heech of op nûmer ien fan de list.

Politike ferantwurdlikheid
Eins is der neat feroare. Sawol doetiids as notiids binne it frijwilligers, dy’t harren beskikber stelle foar de polityk. Guon fan harren krije samar ynienen in grutte ferantwurdlikheid. It kin samar sa wêze dat in (nij) riedslid fan ‘e iene op de oare dei wethâlder is. Hy/sy wurdt dan it meast geskikt achte. Sa kin in steatelid samar deputearre wurde en kin in keamerlid samar steatssekretaris, minister of minister presidint wurde. Dochs binne politisy gewoane minsken dy’t ús gemeenten, ús provinsjes en ús lân bestjoere. As sy dit sels ek sa sjogge is in oar ferhaal. Mar, o deale, as politisy flaters begjinne te meitsjen, dan springe opposysjepartijen der boppe op. Lekker skoare! Sa giet it ek yn gemeenten en/of steaten. Ek it gewoane folk wit falende politisy goed te finen mei ynstjoerde stikken, lilke brieven of lilke berjochten op twitter, Facebook of troch gruttere aksjes.

Mienskiplike ferantwurdlikens
Gewoane minsken drage as bestjoersleden ferantwurdlikheid foar tsjerkebestjoeren, sportklups, sjongferieningen, sjongkoaren, postdoweklups, buertferieningen en neam it allegearre mar op. Sy krije der net foar betelle; soms in pear sinten as ûnkostefergoeding. Hiel oars giet it hjoed-de-dei by oerkoepeljende skoalbestjoeren, oerkoepeljende âldereinsintra, ferpleech- en sikehuzen. Eartiids wie ik lid fan it bestjoer fan soarchsintrum It Suyderhús yn ‘t Surhústerfean en Haersmahiem yn Bûtenpost en ek lid fan de klachteried fan ‘De Friese Wouden’. Fergees fansels! Mar no hawwe dat soarte ynstellingen in Ried fan Tafersjoch, dy’t dit net (mear) fergees dogge. Jild lûkt? Mar oer it generaal besjoen, binne it gewoane minsken lykas jo en ik, dy’t as frijwilligers de mienskip oan ’e gong bringe en witte te hâlden. Ien dei in staking troch alle frijwilligers en hiel Nederlân leit plat.

Mylder oardielje
Wy ferwachtsje as folk ek fan de troch ús keazen politisy en politike lieders – begûn as frijwilligers – dat se ús belangen goed behertigje. Wy ferwachtsje dat se goede dingen dogge, dat se goed ynsjoch hawwe yn kwestjes dy’t spylje, dat se opkomme foar minsken yn de knipe en neam it mar op. De aloan grutter wurdende gemeenten krije hiel wat foar de kiezen. Hja krije taken op harren boardsje dêr’t se gjin sjoege fan hawwe as se deroan begjinne. Tink oan de oerheveling fan jeugdsoarch en âldereinsoarch nei gemeenten, de saneamde transysje yn 2015. Dat wie de grutste en smoarchste besuniging fan Rutte I en Rutte II. De measte politisy jouwe dat no ek ta.

Yn alle gefallen binne en bliuwe politisy frijwilligers, dy’t it besluten nimme (moatte) oer saken, wylst hja dêr net (goed) foar oplaat binne. Lit ús wat mylder wurde yn 2020. Alle goeds foar elkenien tawinske.

desimber 28, 2019 19:25
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Ekoed jannewaris 1, 13:59

    “Grutste en smoarchste besûniging”…..kin it noch milder???

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.