Fan 16 maart ôf net hurder as 100 op ’e sneldyk

desimber 2, 2019 19:59

Foto: Wikipedia/Ruben de Rijcke (lisinsje CC BY-SA 3.0)

De faasje op ’e sneldyk moat net yn jannewaris al tebek nei 100 kilometer yn ’e oere, mar earst op 16 maart. Dat is moandei buorkundich makke. Yn ’e tuskentiid wurde de ferkearsbuorden oanpast. Yn Fryslân giet op ’e sneldiken A6, A7, A31 en A32 de snelheid omleech.

De oanpaste beheining is derfoar ornearre om de stikstofútstjit tebek te kringen. De Rie fan Steat ornearre nammentlik ferline jier dat de Nederlânske oerheid mear dwaan moat om dy útstjit lytser te meitsjen. Alle stikstof yn ’e lucht is min foar planten en bisten.

De snelheidsbeheining jildt allinnich oerdeis. Jûns nei sânen mei men noch wol 130 ride.

desimber 2, 2019 19:59
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer desimber 7, 14:37

    Op himsels in goed útstel om de maksimumgong op 100 te setten. Nei de oaljekrisis út de sântigerjierren wie dit lang sa. Mar ein tachtigerjierren makke rjochts der 120 fan. nei harren sizzen wie dit inkeld bûten de Rânestêd. (Wêr letter makke Marc Rutte dêr op guon plakken 130 fan om duldstipe fan ‘e P.V.V. te krijen,
    Dit hiene allinne P.V.V. en S.G.P. yn it pregram)
    Mar it is sa dat ús maatskippij, ja hiel ús libbenswize alhiel op dy 120 ynsteld is. Helje dat mar ris fuort.
    Je kinne net halje-trawalje nei 100 oergean. Je moatte je der wër op tariede om nei ferrin fan tiid wër op 100 oer te gean. Net omwille fan Stikstof, mar omwille fan CO2 om klimaat te rêde en fossyle branje te sparje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.