Faksjuery: Omrin duorsumste bedriuw fan Nederlân

desimber 6, 2019 09:19

Omrin is keazen ta duorsumste bedriuw fan Nederlân. Dat is tongersdeitejûn bekendmakke troch de faksjuery fan Stichting Nederlân CO2 Neutraal. John Vernooij, direkteur fan Omrin, krige fan Hanna Verboom de bokaal foar ‘Duorsumste bedriuw fan 2019’.

Foto: Stichting Nederlân CO2 Neutraal

De wrâldbefolking groeit, der driget krapte oan grûnstoffen. Wy moatte sunich wêze mei wat we hawwe. Omrin wurket oan in sirkulêre ekonomy. In systeem dêr’t safolle mooglik grûnstoffen yn werbrûkt wurde en sa min mooglik fuortsmiten wurdt. De faksjuery fan Stichting Nederlân CO2 Neutraal, besteande út Marjan Minnesma, Maurits Groen, Maria van der Heijden, Mark Kulsdom en Wilco van Rooijen hawwe dus út alle nominaasjes Omrin keazen as duorsumste bedriuw fan 2019.

Omrin is ynsamler en ferwurker fan ôffal. De ynsamling wurdt dien foar goed 175.000 húshâldens yn tolve Fryske gemeenten, trije Grinslânske en goed 8.500 bedriuwen en ynstellingen. De ferwurking wurdt útfierd foar hast 800.000 húshâldens yn achttjin Fryske gemeenten, twa Grinslânske gemeenten, seis Noard-Feluwske gemeenten en trije Súd-Hollânske gemeenten en in protte bedriuwen. Omrin docht alle war om út ôffal safolle mooglik grûnstoffen werom te winnen en duorsume enerzjy te produsearjen.

Stichting Nederlân CO2 Neutraal
Hieltyd mear bedriuwen yn Nederlân binne har bewust fan de needsaak fan duorsum ûndernimmen. Stichting Nederlân CO2 Neutraal besiket it bedriuwslibben dêrby te helpen, om mei-inoar oan in skjinne takomst te wurkjen. Alle jierren kiest in faksjuery it duorsumste bedriuw fan Nederlân. Dêrneist is der ek in publykspriis. Dêrby mei it publyk kieze foar it duorsumste bedriuw.

desimber 6, 2019 09:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.