Evaluaasje jout oan: Fryske guozzeoanpak wurket

desimber 21, 2019 08:51

Skea troch guozzen oan boerelân is de lêste twa jier minder wurden. Dat komt ûnder oare trochdat guozzen yntinsiver ferjage binne nei foerazjeargebieten. Trochdat de guozzen dêr benammen byinoar sitte, is de fretskea bûten de foerazjeargebieten beheind. It liket der wol op dat de foarskriften foar skeataksaasjes yn ‘e takomst oanpast wurde moatte. Dat docht bliken út ‘e evaluaasje fan de Fryske guozze-oanpak dy’t provinsje Fryslân op fersyk fan Provinsjale Steaten útfiere liet.

Kolguozzen (foto: Provinsje Fryslân)

De oanpak liket te wurkjen, want de guozzeskea oan boerelân nimt al twa jier efterinoar ôf. Yn dy perioade binne guozzen yntinsiver ferjage nei foerazjeargebieten. It is mooglik dat oare faktoaren ek meispilen. Bygelyks geunstige groeiomstannichheden en dat der justjes minder guozzen yn Fryslân oerwinteren.

Gersmjittings
Mei mjittings fan gershichten wurdt berekkene hoe’t oan skea yn boerelân temjitte kommen wurdt. Foar de evaluaasje binne mear mjittings útfierd as gewoanlik. Dy litte sjen dat it gers yn ‘e maitiid, neidat de guozzen fuortgien binne, fluch groeit. It docht bliken dat op 80% fan ‘e ûndersochte perselen de fretskea troch guozzen op it stuit dat meand wurdt, ynhelle is.

“De taksaasjes binne troch BIJ12 Faunazaken fia de fêststelde foarskriften útfierd. Wy geane der dêrom fan út dat it terjochte is dat de skeafergoedings útkeard binne,” seit deputearre Johannes Kramer. “It liket der wol op dat de foarskriften foar skeataksaasjes yn ‘e takomst mooglik oanpast wurde moatte. Yn ‘e foarskriften wurdt der bygelyks fan útgien dat skea dy’t yn april metten wurdt, der noch altyd is as der meand wurdt, yn maaie. De evaluaasje jout no oan dat dit mooglik net it gefal is, om’t it gers wilens in ein groeit. Der wurdt earst ferfolchûndersyk dien, foardat we de taksaasjefoarskriften oanpasse. Fansels sille we dêr dan fierer oer prate mei de belutsen partijen.”

Ferfolchûndersyk needsaaklik
De provinsje leit der de klam op dat fierder ûndersyk nedich is. Dêr moat yn neigien wurde oft de ûndersyksresultaten fan ‘e evaluaasje doge en hokker faktoaren oft laat hawwe ta dy ûndersyksútkomsten. Dêrfoar is it werheljen fan it ûndersyk op gruttere skeal en yn mear provinsjes fan belang. Dêrmei kin toetst wurde oft de resultaten dy’t yn Fryslân fûn wurde ek yn oare provinsjes en yn oare (waars)omstannichheden fûn wurde. De provinsje Fryslân hat BIJ12 Faunazaken frege om dat ûndersyk op him te nimmen.

Salang’t de ûndersiken rinne, feroaret der neat foar grûnbrûkers. Der komme gjin oanpassings yn taksaasjemetoaden en der wurdt ek net yn ‘e mjitte kommen. Foar de perioade dêrnei is dat ôfhinklik fan ‘e útkomsten fan de ferfolchûndersiken. Utgongpunt is dat de provinsje foar skea yn reedlikens yn ‘e mitte komt. Der kin yn juridyske sin net yn ‘e mjitte kommen wurde foar skea dy’t der net is.

De evaluaasje fan de guozzeoanpak is oanbean oan Provinsjale Steaten.

desimber 21, 2019 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.