EU makket hânboek foar taalbelied

desimber 26, 2019 08:10

Rûnom yn Europa binne oerheden dwaande mei taalbelied. Dat kin op Europeesk nivo wêze, mar ek lanlik, yn de provinsje of sels op gemeentlik nivo. Al dy oerheden dogge soms mar wat, sûnder al te folle kennis fan saken.

Dat moat oars, wie in groep wittenskippers fan betinken. Mei stipe fan de Europeeske Uny wolle hja in hânboek meitsje dat oerheden brûke kinne by it fieren fan in suksesfol taalbelied. De ûndersikers wurkje foar MIME, in ûndersyksgroep fan ûnderskate Europeeske universiteiten, dy’t troch de EU betelle wurdt.

It boek jout gjin foarskriften, seit ûndersiker François Grin, dy’t de haadredaksje dien hat. “Ynstee woene wy beliedsmakkers handige tips jaan dy’t hja yn har eigen situaasje tapasse kinne, oft dat no op gemeentlik, lanlik of ynternasjonaal nivo is”, seit er.

Oan it boek wurkje wittenskippers mei allegear ferskillende eftergrûnen mei, lykas taalkundigen, oersetkundigen, juristen en psychologen.

It hânboek moat yn 2021 klear wêze. Der is wilens in koarte ferzje ferskynd dêr’t 72 taalbeliedsfragen yn behannele wurde, lykas ‘wat foar taal moatte wy op ferkearsbuorden brûke’, ‘yn hokker talen jouwe leararen les’ en ‘hokker taal prate meiwurkers fan in asylsikerssintrum’. By elke kwestje wurdt beskreaun hoe’t oerheden yn allegear lannen dermei omgien binne en wat it resultaat dêrfan wie.

Dat boekje is skreaun yn it Ingelsk en hjit fan The MIME Vademecum. It kin fergees as pdf-bestân besteld wurde by de ûndersikers fia dit webstee: link.

desimber 26, 2019 08:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.