Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (98)

desimber 28, 2019 07:35

Wat is wierheid?

Pontius Pilatus: ‘Wat is wierheid?’, Nicolai Ge (1831-1894)

Ik wurd foar Pontius Pilatus brocht, de Romeinske gûverneur. Hy freget My:
“Jo neame Josels kening?”
Ik jou as antwurd:
“Sa’t Jo sizze.”
De prysters bringe noch in protte oare beskuldigingen tsjin My yn, want se wolle graach dat Ik ta de dea feroardiele wurd. Mar Ik sis fierders neat mear. Dêr fernuveret Pilatus him frijwat oer. Dat is er net wend. Hy seit tsjin ’e prysters:
“Oardielje Him neffens jim wet en fier it fonnis sels mar út.”
Wylst se harsels yn bochten wringe, lizze de prysters út dat se ûnrein wurde at se immen deameitsje en dan kinne se it peaskefeest net fiere. Pilatus wit dat allegearre wol, mar hy hat it net op ‘e prysters stean. Hy moat syn gerjochtsgebou ek út om mei de prysters te praten, want se leauwe dat se ûnrein wurde at se de gebouwen fan ’e heidenen, dêr’t se mei kollaborearje, yngeane.

Pilatus giet wer it paleis yn en freget oan My:
“Wêrom sizze Jo neat? Witte Jo net dat ik de macht haw om Jo de frijheid te jaan, mar ek de macht om Jo te krusigjen?”
Ik jou as antwurd:
“Jo soene gjin macht oer My hawwe, as jo dat net fan boppen jûn wie. Dêrom is de sûnde fan ’e lju dy’t My oan jo útlevere hawwe, grutter.”

Fan dat stuit ôf set Pilatus prikken yn it wurk om My frij te litten, mar de prysters sizze:
“As jo Him gean litte, binne jo gjin freon fan ’e keizer. Elkenien dy’t seit dat er kening is, ferset him tsjin ’e keizer.”
“Moat ik dan jim kening krusigje?” freget Pilatus oan ’e geastlike lieders fan it folk. Mar sy antwurdzje:
“Wy hawwe gjin kening, wy hawwe allinnich de keizer.”

Dêrop komt Pilatus wer nei My ta.
“Binne Jo de kening fan ’e Joaden?”
“Binne josels op dy gedachte kommen?” freegje Ik. “Of hawwe oaren jo dat ynskúnd?”
“Ik bin gjin Joad!” seit Pilatus. “Jo binne hjir brocht troch de prysters fan jo eigen folk. Wêrom wit ik net. Wat hawwe Jo dien?”
“Myn keninkryk is net fan dizze wrâld. As dat sa wie, hiene myn liifwachten wol mei geweld ferhindere dat Ik yn ’e hannen fan ’e prysters komme soe.”
“Binne Jo dan dochs in kening?”
“Jo brûke no it wurd kening yn in oare betsjutting as dat Ik doch. Ik bin op ’e wrâld kommen om de wierheid bekend te meitsjen. Elk dy’t fan ’e wierheid hâldt, harket nei myn sizzen.”
Pilatus seit:
“Wierheid? Wat is wierheid?”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
desimber 28, 2019 07:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.