Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (97)

desimber 21, 2019 07:39

Ferrie op ferrie

Rembrandt van Rijn: Kristus wurdt finzen nommen

Wylst Ik dat sis, komt Judas der al oan, ien fan ’e tolve, mei in swier bewapene plysjemacht, stjoerd op advys fan ’e timpelautoriteiten. De ferrieder hat mei de plysjes in teken ôfpraat. Hy hat tsjin har sein: “Dy’t ik op it wang tútsje sil, dy is it. Pak him op en nim him mei.”

En Judas rint fuortdaalks op My ôf en seit “Rabby” en tutet My op it wang. Op dat teken pakke se My beet. Ik sis tsjin ’e prysters dy’t meikommen binne:
“Jim hawwe in grutte plysjemacht op My ôfstjoerd, as wie Ik in swiere krimineel. Alle dagen wie Ik by jim yn ’e timpel, dêr’t Ik preke en minsken ûnderwiisde yn Gods wil, en doe hawwe jim My net oppakke litten. Jim binne kommen as dieven yn ’e nacht. Mar goed, wat God wol, sil barre, it sil letter wat goeds blike te wêzen. Want Ik sil gjinien ferlieze fan dejingen dy’t God oan My jûn hat.”

At se My oppakke en meinimme, litte myn freonen My yn ’e steek. Se spylje de wyk. In jongfeint, dy’t in lekken om ’e neakene lea slein hat, rint noch in skoftke efter My oan, oant se him ek besykje op te pakken. Se krije him beet, hy lit it lekken by har yn ’e hannen efter en spilet neaken de wyk.

Petrus en Johannes folgje My op in feilige ôfstân. Johannes is in goede bekende fan de hegepryster. Hy mei tagelyk mei My de binnenpleats fan it paleis op, mar Petrus moat bûten bliuwe. Johannes komt werom, sprekt efkes mei de frou dy’t de portier is en nimt Petrus dan mei it paleis yn. De portier freget Petrus:
“Jo binne in learling fan dy Jezus, tink?”
“Nee hear”, seit Petrus.

De plysjemacht bringt My nei Kajafas ta, de hegepryster fan dat jier. Kajafas hie doedestiids tsjin de Hege Rie sein:
“It is goed dat ien minske stjert foar it hiele folk.”
Hy ûnderfreget My oer myn learlingen en tinkbylden.
“It is rûnom bekend wat Ik sein haw”, antwurdzje Ik. “Ik ha frijút en iepenlik sprutsen op iepenbiere plakken. Wêrom ûnderfreegje Jo My eins? Der binne minsken genôch dy’t My heard hawwe. Freegje it oan har. Sy kinne Jo presys fertelle wat Ik sein haw.”
Ien fan ’e wachtlju jout My in klap tsjin ’e holle.
“Sa wurdt der net tsjin ’e hegepryster praat”, seit er.
“As Ik wat ferkeards sein haw, fertel it My dan”, sis Ik. “Mar as Ik gelyk haw, wêrom slachsto My dan?”
De prysters harkje nei wat de tsjûgen tsjin My sizze, mar har tsjûgenissen komme net mei-inoar oerien en binne sûnder wearde.

Omdat it kâld is, hawwe de feinten en wachters in fjoer makke dêr’t se har by waarmje. Petrus jout him der ek by, want hy is kâld. Ien fan ’e manlju freget him:
“Hearsto ek net by Jezus-en-dy?”
“E jonge nee ju!” jout Petrus as antwurd.
Ien fan ’e tsjinstfammen fan ’e hegepryster giet ek by har stean en seit:
“Do hearst ek by Jezus-en-dy, want do praatst as ien dy’t út Galileä komt.”
Petrus begjint te flokken en hâldt by heech en leech fol:
“Ik ken dy fint net, dêr’t jim it oer hawwe.”
Dan kraait de hoanne twa kear en it komt Petrus yn it sin dat Ik tsjin him sein haw: ‘As de hoanne twa kear kraait, hasto My al trije kear ferret.’ En as dat yn him delgiet, begjint er bitter te gûlen.

De sinne komt op en de timpelautoriteiten ûnderfreegje My wer:
“Binne Jo de Kristus, de Soan fan God?”
Ik sis:
“Dat bin Ik en jim sille de Minskesoan sjen, ûnder de wolkens fan ’e himel, yn it ljocht fan ’e sinne. Mar jimme sille net yn syn keninkryk wêze.”
De hegepryster skuort himsels de klean fan ’e lea, sa lilk is er. Hy âlet:
“Wêr hawwe wy noch tsjûgen foar nedich? Dit is godslastering en jimme hawwe it allegearre heard. Wat is jim oardiel?”
En se feroardielje My allegearre ta de dea. Mar sels meie se gjin deafonnis útfiere. Dêrom leverje se My út oan ’e Romeinske besetters, dêr’t se mei gearwurkje.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
desimber 21, 2019 07:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.