Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (96)

desimber 14, 2019 08:50

Yn ’e Tún fan ’e Oaljeparse, Getsémanee

Andrea Mantegna, Getsémanee (fan Wikimedia.org)

Dan rinne wy nei de Tún fan ’e Oaljeparse, dêr’t de Oliifberch begjint. Ik sis tsjin ’e learlingen:
“Wachtsje hjir op My, dan sil Ik bidde.”
Ik nim Petrus, Jakobus en Johannes mei de tún yn. Myn noed en soarch wurde grutter. Ik sis tsjin myn freonen:
“Ik fiel sa’n ûnbidich fertriet. Bliuw hjir en wês wach.”
Ik sykje in stil plakje op, gean dêr sitten en sis:
“Abba, Heit, alles is mooglik foar Jo. Nim dizze beker fan My wei. It giet der lykwols net om wat Ik wol, mar wat Jo wolle.”
Ik rin efkes werom, sjoch dat myn trije freonen sliepe en sis tsjin Petrus:
“Petrus, sliepsto? Wiest net by steat en bliuw ien oere wekker? Wês wach en bid datst net yn ferlieding komst. De geast is wol willich, mar it fleis is swak.”
Ik sykje myn plakje wer op en bid mei deselde wurden as niiskrekt. En as Ik weromkom, blykt dat se alle trije wer sliepe. Se fine it net maklik om wekker te bliuwen en wach te wêzen en se witte net wat se tsjin My sizze moatte. Ik kom noch in tredde kear by har te sjen en sis dan tsjin har:
“Sliep en bekom no mar wat. Letter sille jim wol wekker wurde.”
In skoftke letter sis Ik:
It is genôch sa. De oere is kommen dat de Soan fan ’e minsken útlevere wurdt oan de minsken dy’t kwea dogge. Kom oerein, lit ús gean. Sjoch, dejinge dy’t My útleverje sil, is tichtby.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
desimber 14, 2019 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.