Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (95)

desimber 7, 2019 07:27

Haadstik 11 It sear fan God

Ik bin yn jim

Duccio di Buoninsegna, Jezus yn petear mei de dissipels (fan Wikimedia Commons)

Heit, it is safier. Lit sjen hoe grut en machtich as jo Soan is, dan kin Hy sjen litte hoe grut en machtich as Jo binne. Jo hawwe My de macht jûn om oan alle minsken dy’t Jo My tabetroud hawwe, ivich libben te jaan. It ivige libben is dat sy Jo, de iennichste wiere God, kenne. Ik ha de lju sjen litten hoe grut as Jo leafde, macht en majesteit binne. Dêrmei haw Ik dien wat Jo My opdroegen hiene. Heit, lit My no by Jo weromkomme om de ear en de hearlikheid te krijen dy’t Ik foar it ûntstean fan ’e wrâld al hie.

Troch wat Ik dien en sein haw, witte dizze minsken no wa’t Jo binne. Sy wiene fan Jo en Jo hawwe har oan My jûn. Sy hawwe har holden oan wat Jo seine. Sy witte dat alles wat Ik haw fan Jo komt. Want wat Jo My ferteld hawwe, haw Ik oan har trochjûn en sy hawwe it oannommen. Sy binne ta it leauwe en de oertsjûging kommen dat Jo My stjoerd hawwe. Ik bid foar harren. Sy binne fan Jo.

Alles wat fan My is, is fan Jo. En wat fan Jo is, is fan My. Yn har wurdt wjerspegele wa’t Ik bin. Ik ferlit de wrâld en kom by Jo, mar sy bliuwe noch yn ’e wrâld. Hillige Heit, behoedzje har yn jo namme, de namme dy’t Jo ek oan My jûn hawwe, dat sy ien wêze kinne lykas Wy. Meitsje har suver en hillich troch har te ûnderwizen yn jo wurd fan wierheid. Ik stjoer har de wrâld yn, sa’t Jo My de wrâld yn stjoerd hawwe.

Ik wij myn libben oan har om har troch de wierheid oan Jo te wijen. Wat Ik Jo freegje, is net allinnich foar har. It is ek foar de minsken dy’t troch har yn My leauwe sille. Trochdat Ik yn har bin en Jo yn My, sille sy in folsleine ienheid wêze. Dan sil de wrâld erkenne dat Jo My stjoerd hawwe en dat Jo krekt safolle fan har hâlde as fan My.

Rjochtfeardige Heit, al ken de wrâld Jo net, Ik ken Jo. En myn learlingen witte dat Jo My stjoerd hawwe. Ik haw har ferteld wa’t Jo binne en gean dêrmei troch. Want Ik wol dat jo leafde foar My yn har wêze sil, en dat Iksels ek yn har wêze sil.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
desimber 7, 2019 07:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.