Earste sûne sportkantine yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel

desimber 23, 2019 09:12

Swimbad De Kûpe yn Butenpost hat de earste sûne sportkantine yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Mei dy ûnderskieding is wethâlder Margreet Jonker tige ynnommen: “De gemeente omearmet dizze sûne kantine en ik hoopje dat der mear sportferienings ynspirearre wurde om it assortimint út te wreidzjen mei sûnere farianten. De sûnere kar moat de maklikste kar wurde.”

Foto: Gemeente Achtkarspelen

Sûne sportkantine
Swimbad De Kûpe is de earste offisjele sûne kantine yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel en de fiifde yn Fryslân. Dat is it resultaat fan in gearwurking tusken de gemeenten, Team:Fit en it swimbad. Mei Team:Fit makket in sportkantine of -akkommodaasje yn in pear ienfâldige stappen it oanbod fan iten sûner, sûnder dat dêr omset foar ynlevere hoecht te wurden.

Swimbadbehearder Maarten Been en syn team hawwe mei de Team:Fit-coach de Kantine-sken dien om yn kaart te bringen wat al goed gie en wêr’t kânsen leinen foar in sûner assortimint. Dêrnei is bepaald hokker produkten oanslaan soene by de besikers en is it assortimint oanpast. Neist it besteande assortimint is der yn ferskate produktgroepen no ek in sûner alternatyf te krijen.

Sûne jongerein, sûne takomst
Team:Fit is ûnderdiel fan JOGG, dêr’t beide gemeenten by oansletten binne. JOGG wurket gear mei bestjoerders, bedriuwen en organisaasjs oan in omjouwing dêr’t bern en jongerein sûn yn opgroeie kinne. Troch oandacht foar sûn iten en drinken, mear bewegen en goed sliepen wurdt sûn opgroeien wer de normaalste saak fan de wrâld.

Mear ynformaasje
Wa’t mear ynformaasje oer in sûne leefomjouwing ynwinne wol, kin kontakt opnimme mei JOGG-regisseur Willemijn Meijer fia telefoannûmer 06 – 31649272 en e-mail w.meijer@ggdfryslan.nl.

desimber 23, 2019 09:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.