Drintsk restaurant ûntploft, jonkje ûnder it pún wei helle (bywurke)

desimber 7, 2019 19:39

Yn it Drintske Coevorden is in restaurant troch in grutte ûntploffing ferwoaste. Ien persoan koe ret wurde. Under it pún hat oerenlang in fiifjierrich jonkje bedobbe lein.

Sneontemiddei om likernôch trije oere die him yn grillrestaurant Ali Baba in ûntploffing foar. De oarsaak is ûnbekend. It gebou stoarte yn.

De brânwacht út Drachten hat de Drintske kollega’s holpen. De Drachtster brânwachter hawwe in spesjale rêdingstrening hân. De rêding fan it jonkje hat oeren duorre. Om healwei njoggenen hinne waard er libben ûnder it pún wei helle. Hy wie der doe min oan ta en is fuort nei in sikehûs ta brocht.

desimber 7, 2019 19:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.