Drege petearen oer foarming nij Belgysk regear

desimber 15, 2019 16:50

Yn maaie hawwe de Belgen har stimbiljet ynfolle om in nij parlemint te kiezen. In regear is der lykwols noch net. Regearingsformaasjes sitte yn it Belzelân gauris foar it krús.

Op it stuit binne twa ynformateurs oan it ûndersykjen oft de N-VA as grutste Nederlânsktalige partij en de PS as grutste Frânsktalige partij tegearre in koälysje foarmje kinne. De partijen hawwe lykwols tige ferskillende stânpunten.

De liberale Nederlânsktalige partij Open Vld wol graach regearje en foaroanfrou Gwendolyn Rutten hat buorkundich makke dat har partij ree is om yn in regear te stappen sûnder de N-VA. Dat is N-VA-foaroanman Bart de Wever tsjin it krop. Hy hat de Open Vld tasein dat er net yn in koälysje sûnder dy partij stappe soe. Dat it omkearde net jildt, kin er min sette. “We zijn niet meer on speaking terms“, seit er oer syn relaasje mei frou Rutten.

Rutten liket oan te stjoeren op in koälysje mei de liberale, sosjalistyske en griene partijen út beide taalgebieten. De Frânsktalige partijen wolle oer it generaal net mei de Flaamsksinnige N-VA yn ien regear stappe. De N-VA beskôget it stribjen nei mear ûnôfhinklikens fan Flaanderen as syn wichtichste reden fan bestean.

desimber 15, 2019 16:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.