Dokter brocht twa kear útkomst

desimber 28, 2019 08:40

Ferhaal

It wie om 1960 hinne dat ik mei in omke fan my earne yn de wide Súdwesthoeke ûnder it aaisykjen de gegevens krige foar it ûndersteande ferhaal. Wy rûnen yn in stik lân dêr’t in pear beammen en de struktuer fan de grûn de pôle mei in hússtee fan alear omke wer yn it sin brochten. Yn omke syn jongfeintejierren, tusken de Earste en de Twadde Wrâldoarloch, stie dêr in arbeidershûs. Dêr wennen Tsjalke en Annichje. Tsjalke arbeide by in boer op in pleats in eintsje fierder it lân yn. It wie allegear poer op ’e romte, fier fan ’e bewenne wrâld. Dy wie eins allinne mar mei in skou te berikken of oars rinnende oer in by tiden modderich paad.

Tsjalke en Annichje wiene al in moai skoft troud, mar se hiene gjin bern. De pastoar hie al ris in pear kear op besite west en dêr syn fernuvering oer utere. It wie dochs wol harren kristenplicht en soargje foar in fikse neiteam. It fuortbestean fan de parochy en fan de skoalle hong dêr mei fan ôf. Sok praat wurke inkeld mar ferkeard. Annichje soe neat leaver wolle, mar it slagge net. Se lijde derûnder en se waard bêdlegerich. Pastoar ljochte de dokter yn. Koe dy net ris by Annichje sjen? Dokter sei ta dat er by har sjen soe.

Dokter hat der ferskate kearen in loop hinne makke. It moat holpen hawwe, want Annichje waard swier en knapte op, sûnder dat se dêrfoar nei in sikehûs ta west hie. Nei ferrin fan tiid waard der in jonkje op ’e pôle berne. Tsjalke en Annichje wiene alhiel út ’e skroeven. De jonge die it goed, benammen op skoalle. It wie in learder. Dat hie er net fan Tsjalke. Dy koe amper lêze en rekkenje…

It haad fan de skoalle wie fan betinken, de jonge moast fierder leare. Der siet in kop op, sei de master, sa’t er dat noch net earder meimakke hie. Trochleare kaam op syn skoalle selden foar. Hy soe syn ljocht ris opstekke watfoar mooglikheden der wiene. It soe wol op in ynternaat útdraaie, tocht er, mar dat wie net om ’e nocht fansels. Foar Tsjalke en Annichje wie it in swier stik. Hiene se mar ien bern en soe dy ek noch om fierrens moatte.

Der kaam in oplossing. Net al te fier fuort wie in mulo. Dat wie te befytsen. Mei de molkfarder koe de jonge oan it fabryk ta. Dêrwei koe er nei de mulo fytse en by min waar koe er de bus nimme. Op de mulo gie it foar wûnder. Hy helle allinne mar njoggens en tsienen. De leararen wiene it deroer iens: dy jonge heart hjir net; dy moat nei it gymnasium. Sa’n skoalle wie net yn ’e buert.

Dokter waard rieplachte. Wêr’t de jonge fierder leard hie, wist omke net, mar nei it gymnasium is er nei de universiteit gien en is er dokter wurden. Der waard grute dat dokter de stúdzje betelle hie…

Bonne Hettema

desimber 28, 2019 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.