Doek ‘grutste warehûs op ’e wrâld’ yn Akkrum populêr

desimber 9, 2019 09:51

De doeken mei dêrop it ‘grutste warehûs op ’e wrâld anno 1896’, dy’t ferline jier mei it New York-feest yn Akkrum te sjen wiene, binne tige populêr.

Foto: Noordoost.nl

Nei it drokbesite wykein yn juny 2018 reizget it ûnbidige doek no troch de provinsje. Túnsintrum GroenGoed Menken mei fêstigings yn De Hommerts/Jutryp en De Haule brûkt de printe foargevel as opfleuring fan de krystsjoo. Op oare plakken yn Fryslân is ek belangstelling foar de doeken toand.

De sfearmeitsjende doeken ferbyldzje de winkel, dy’t de âld-Akkrumer Folkert Kuipers yn 1896 mei in kompanjon oan Sixth Avenue iepene. Hy emigrearre ein njoggentjinde iuw nei Amearika en waard dêr as sakeman skatryk. It eartiids grutste warehûs op ’e wrâld waard foar de New York-dagen yn 2018 yn syn berteplak Akkrum op skaal neiboud.

Boek
De opfallende foargevel wurdt wiidweidich beskreaun yn in 256 siden tellend boek, dat as betinking oan de New York-dagen yn Akkrum útjûn is. It boek stiet fol mei ferhalen en foto’s oer de twa wykeinen dat in ynsjoch jûn waard yn de wrâld fan Folkert Kuipers alias Folkert Cooper. Sa’n fiifhûndert akteurs, figuranten en frijwilligers wiene moannen yn tou om yn twa wykeinen in evenemint del te setten, dat in absolute topper wie. It New York-boek jout in wiidweidige beskriuwing fan dat evenemint.

desimber 9, 2019 09:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.