Dochs ekstra jild foar Fryske Akademy

desimber 18, 2019 20:14

Fryske Akademy. Foto © Aant Mulder

De Fryske Akademy yn Ljouwert kriget ekstra jild fan de provinsje. Dat hawwe Provinsjale Steaten woansdei besletten. De ekstra subsydzje is nedich om it wittenskiplike ynstitút oerein te hâlden.

De provinsje hie earder al besletten om de Akademy alle jierren 1,2 miljoen euro te jaan. Earder krige it ynstitút ek jild fan de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen, mar dy wol graach fan ‘e Akademy ôf.

Finansjeel liket it net goed op ‘e Fryske Akademy, dy’t de ôfrûne jierren al in stik lytser wurden is. De foarige direkteur, Hanno Brand, krige dêrfoar in pear wike lyn swiere krityk fan ûnder oaren Brand syn foargonger Reinier Salverda.

Njonken it earder ôfprate jild skikt de provinsje de Akademy noch in miljoen euro ekstra ta, ferparte oer fiif jier.

desimber 18, 2019 20:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.