Dit jier opnij drokker op ’e dyk

desimber 29, 2019 09:07 Fernijd

It is wer drokker wurden op ’e dyk. De files op de Nederlânske wegen binne fan ’t jier mei santjin persint tanaam neffens 2018. Dat docht bliken út de jierlikse filesifers fan de ANWB.

Foto: Wikipedia/Michiel1972 (M.M. Minderhoud) – lisinsje CC BY-SA 3.0)

Net allinnich yn de moarns- en jûnsspits, mar ek oerdeis hiene dykbrûkers mear opûnthâld as yn 2018, sjoen nei de lingte en de doer fan files. De filedruk bûten de spits waard sa’n fjirtich persint slimmer yn ferliking mei 2018. Der is mear asfalt bykaam de ôfrûne jierren, mar dat wie te min om it tanimmend tal dykbrûkers ferwurkje te kinnen, seit ANWB-direkteur Frits van Bruggen. “De ôfrûne tsien jier binne der ien miljoen auto’s bykaam en troch de ekonomyske groei reizgje we mear.” Mear minsken hawwe in baan en gean mei de auto nei it wurk. Der is ek mear transport en bouferkear.

De filedruk is dit jier likernôch like grut as yn it âlde rekôrjier 2008, rûst de ANWB. Neffens it bûn is it dreech om de sifers presys te ferlykjen, mei’t de files yn 2008 oars metten waarden. Doe brûkte de ANWB allinnich mjitpunten yn de sneldiken en tsjintwurdich telle ek de gegevens fan TomTom-brûkers mei. Dêrtroch wurde files op lytsere wegen ek metten.

It grutste knyppunt yn de moarnsspits wie de A1 fan Apeldoarn nei Amsterdam. Yn de jûnsspits wie de filedruk it grutst op de A27 fan Utert nei Breda.

De drokste dei wie neffens de ANWB op 22 jannewaris, doe’t snie en rein ta 2.287 kilometer file laten. De boereprotesten fan ’t hjerst laten ek ta in ekstreem soad opstoppings. Doe wie de ympekt lytser as op 22 jannewaris, mei’t it winterwaar doe op alle wegen problemen joech. De fertragings troch trekkers fan protestearjende boeren wiene mear pleatslik.

Foar takom jier ferwachtet de ANWB-direkteur noch mear files. “It tal weinen groeit troch en de ekomyske groei flakket wol wat ôf, mar giet ek gewoan troch. Dat betsjut dat de berikberens noch minder wurde sil.”

desimber 29, 2019 09:07 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.