Dêr wie se wer: de Fryske Doutzen
Resint ferskynd
Dat it wrâldferneamde fotomodel Doutzen Kroes in Friezinne yn ieren en sinen is, skimere troch yn ien fan de earste ôfleveringen fan har fideorige op YouTube, de Doutzen Diaries; sjoch hjirre. Mar yn de fideo’s dy’t frou Kroes dêrnei publisearre, hie se dy Fryske kant goed fersidebrocht. Oant juster. De nijste ôflevering, dy’t se tegearre mei har suster Rens Kroes makke, is suver hielendal yn it Frysk. De beide froulju tinke – mei help fan âlde filmkes – tebek oan de tiid dat hja jong wiene, beantwurdzje fragen fan fans en fertelle oer de bân tusken harren. Besjoch it hjirûnder:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje