Demonstrearjende boeren op ’e Fryske sneldiken

desimber 2, 2019 19:54

Trekkers op ’e sneldyk soargje moandeitejûn yn Fryslân foar opûnthâld. Boeren út ’e hiele provinsje binne nei Ljouwert ta set. Dêr wolle hja by Wetterskip Fryslân protestearje tsjin ’e hegere wetterskipslêsten. Dy kinne wol fyftjin persint omheech gean. Dat komt troch jildkrapte by it wetterskip, dat it jild no by de boeren weihelje wol. Boerefertsjintwurdigers yn it wetterskipsbestjoer hawwe dat net keare kinnen.

De wetterskippen krije gâns op ’e noed de kommende jierren. De seediken moatte ferhege wurde en dat kostet hûnderten miljoenen euro’s. Fryslân is likegoed al in djoere provinsje foar de wetterskippen, mei’t der in soad wetter is en in soad gemalen.

De boeren wolle dat de hegere wetterskipslêsten wat mear oer de tiid ferdield wurde. Op 17 desimber wurdt it definitive beslút nommen.

desimber 2, 2019 19:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.