Deastraf foar Pakistaanske perfester om misledigjen froulju Mohammed

desimber 21, 2019 15:36

Mohammed en syn frou Aïsja befrije in famke op in print út de 14e iuw (foto: Public Domain)

In rjochter yn it Pakistaanske Multan hat Junaid Hafeed ta de dea wiisd, om’t er him skuldich makke hawwe soe oan godslastering. Hafeed is heechlearaar Ingelsk. Neffens guon fan syn studinten hie er op ynternet wat lêbichs skreaun oer de froulju fan de profeet Mohammed.

Dat wie yn 2013. De plysje hie de perfester syn kompjûter ûndersocht en dêr wie neffens de rjochter “antyreligieus materiaal” op oantroffen. De dosint sit al jierren yn ‘e finzenis. Syn earste abbekaat waard yn 2014 fermoarde troch manlju dy’t lilk wiene om’t er Hafeez ferdigene. Syn notiidske abbekaat is ek mei de dea bedrige. Amnesty International komt foar Hafeed op.

Pakistan is berucht om syn prosessen om godslastering. Der wachtsje op it stuit sa’n fjirtich minsken yn Pakistaanske finzenissen op ‘e deastraf nei in feroardieling foar dat feit. Sa’n feroardieling freget net folle. Wrâldwiid omtinken wie der yn 2010 foar de feroardieling fan in kristlike frou, Ada Bibi, dy’t de deastraf krige om’t hja mei har ûnreine kristlike lippen út in kom dronken hie dêr’t ek moslims út drinke woene. De frou waard ferline jier yn heger berop frijsprutsen om’t der te min bewiis wie. Hja wennet wilens yn Kanada.

desimber 21, 2019 15:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.