‘De rykdom fan it ferline’ – in hearlik boek fan in rasferteller

desimber 10, 2019 15:40

Resinsje

Lykas safolle Friezen kom ik wol fan it plattelân, mar bin ik sels net yn ’e agraryske sektor bedarre. Mar alhielendal ûnbekend mei it eardere (en ek it notiidske) boerelibben bin ik dochs net, en in pear kear yn it jier sit ik steefêst op in jierdei dêr’t de mearderheid fan ’e feestgongers noch folop yn ’e wrâld ferkeart fan pleatsen, lân, ark en bisten. By sokke gelegenheden falt it my gauris op, mei hoefolle pasje oft der praat wurdt, net allinnich oer de ûntjouwings fan hjoed-de-dei, mar ek oer beskate aspekten fan doetiids dy’t no ferdwûn binne. Benammen as it punt fan ’e âlderwetske sûpe op it aljemint komt, is de âldere ginneraasje it wakker iens. Sokke lekkere sûpe as der earder wie, dêr kin it guod dat se langer yn dy reade pakken ferkeapje net tsjin meunsterje. De smaak beliket dy fan doe net iens, it is in soarte fan suvelwetter mei kalkspoaren dat mei de echte sûpe neat te krijen hat. Och, wat is it in griis dat dy echte sûpe der net mear is! Yn ’e regel hâld ik dan myn fetsoen, mar it barnt my wolris yn om te freegjen: Wêrom meitsje jim sels dy âlderwetske sûpe net wer, as jim dêr sa slij nei binne? Jo hawwe fuort net in grut merkoandiel, mar foar eigen konsumpsje by feestlike gelegenheden – as jo der wier sa ûnwennich fan binne, dan soargje jo dochs dat it der wer komt?

Dat gefoel bekroep my ek gauris by it lêzen fan it boek fan Reinder Politiek. De skriuwer wurdt troch de útjouwer oanpriizge as in ‘rasferteller’, en dy beneaming is terjochte. It is in hearlik boek om yn te lêzen en der steane werklik kostlike ferhalen yn. Politiek fertelt oer it boerelibben fan eartiids, dat er sels foar in part noch meimakke hat, mar jo hearre fan him mear as op in trochstringse jierdei. Hy giet it libben op en om ’e pleats systematysk nei, en omdat hysels boer ûnder Kimswert west hat, komme der twa folsleine wrâlden foarby. Kimswert leit yn ’e Lytse Bouhoeke, dat wy krije alles te hearren oer de ûnderskate gewaaksen en hoe’t dy boud en bewurke waarden. Mar hast elke boer dêre hie ek in pear bisten, dat de melkerij en alles dat dêrmei anneks is, wurdt net fergetten. Politiek leit alles stap foar stap út, sa dat in leek fan tsjintwurdich it ek allegear benei komme kin, mei omtinken foar spesjaal ark, gewoanten en wizânsjes, bysûndere wurden en taaleigen – en dan ek noch allegear krûde mei persoanlike oantinkens en anekdoates. As jo niget oan dy wrâld hawwe, falt it net ta om dit boek del te lizzen.

Dêrby hat Politiek ek noch de jefte dat er as lyts boike blykber al niget oan âldheden hie. Sadwaande ferhellet er ek noch oer dingen dy’t eins fan foar syn tiid binne, mar dêr’t er noch krekt wat fan sjen of hearre koe (byg. hoe’t de doarpstimmerman in wetterpomp makke: 82-83). Hie Politiek niget oan folksferhalen hân, dan hied er de Ype Poortinga fan ’e Klaai wurde kinnen.

Mar dizze niget jout tagelyk ek oan, hoe’t Politiek de wrâld fan fee en fruchten winliken sjocht: it is in wrâld dy’t foarbygiet, foar in part al foarby is, en benammen net weromkomt. Dy mankelike ûndertoan spilet der, by alle humor en libbenswille, geduerich trochhinne. Politiek wol ús noch ien kear wat sjen litte, foardat it yn ’e nacht fan ’e skiednis ferdwynt. Ik freegje my ôf, oft er dêrmei de lêzer in tsjinst bewiist. As er bledsiden lang op ’e tekst is oer de hearlike rook en oare trêften fan koalsied, en dan skriuwt ‘As ik koalsiedhuning krij, priuw en rûk ik de lekkere pittige rook fan koalsied’ (35), dan wol ik eins wol witte wêr’t ik dy koalsiedhuning krije kin. En moatte jo dan by in partikuliere ymker yn Kimswert wêze, of is der ek noch in bedriuwke dat soks op ’e merk bringt? Sa tink ik ek by it ploeien, dat sa’n kundich ambacht en ek sa’n moai gesicht west hat: as wy noch kampioenskippen fierljeppen en seinemeanen hâlde, wêrom dan ek net fan ploeien? De âlde fotes en etsen fan Ids Wiersma yllustrearje alsa net allinnich de ferhalen, mar ek de ynstelling fan ’e skriuwer. Wêrom moat Politiek mei alle geweld yn alles de lêste wêze?

Dêrby hie hjir en dêr de redaksje ek wol in bytsje stranger kind. Guon saken wurde faker as ien kear, soms ek noch hast mei deselde wurden ferteld, en der binne ek stikken by, dêr sit eins gjin kop of sturt oan. Sa’t bygelyks it stik oer de mole ‘De Eendracht’ begjint (88), dat kin meskien yn it doarpskrantsje, mar net yn in boek.

Likegoed bliuwt dit in tige oanrieder foar elk dy’t niget hat oan âlde ferhalen oer it libben op en om de pleats fan de lêste hûndert jier. De útjefte is kreas fersoarge en leit noflik yn ’e hân. Mar sa’t ’k sei: no noch in ferzje 2.0, mei ynstruksjefilmkes en ferkeappunten. De rykdom fan it ferline is as dy fan ’e grûn: hy komt pas ta syn rjocht, as jo der wat mei dogge!

Liuwe H. Westra

Reinder Politiek
De rykdom fan it ferline
Elikser, Ljouwert 2019
255 siden, € 27,95
ISBN 9879463651769
desimber 10, 2019 15:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.