De Pein of Opeinde?

desimber 25, 2019 09:56

Ynstjoerd

Nettsjinsteande de Fryske opskriften op Arrivabussen kin it brûken fan it Frysk troch Arrivapersoniel noch altiten better. Ik haw in foarbyld hoe nedich oft dat is. Koartlyn makken de frou en ik in kuier troch it smûk skaadzjend beamtegrien oer it Kleasterpaad fan De Pein nei Sumar. Doe’t wy yn Sumar oankamen, woene wy werom mei de bus nei De Pein, dêr’t ús auto stie. Kreas op ’e tiid kaam de Arrivabus nei Drachten. Ik frege de sjauffeur oft de bus ûnderweis yn De Pein stilhâlde soe. Hoewol’t de man blike liet bêst Frysk te ferstean, sei er dat er net yn De Pein stoppe, sterker noch, hy hie noch nea fan De Pein heard! Uteinlik die bliken dat er De Pein net ferstean woe, it moast Opeinde wêze! Dêr stoppe de bus dus wol. By it útstappen yn De Pein koe ’k it net litte om de sjauffeur witte te litten dat er no dus foargoed wist wêr’t De Pein leit. “Och, dat is ook maar een mening”, wie syn stoertske antwurd. Hy doarde net te sizzen dat er it ferrekte om de Fryske namme te ferstean. It mei dúdlik wêze dat it tiid wurdt dat alle bussjauffeurs ree binne de Fryske plaknammen te ferstean. It soe ek goed wêze dat yn bussen de Fryske nammen te sjen wiene op de byldskermen en omroppen waarden, sa’t dat no al bart yn de treinen fan Arriva.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

desimber 25, 2019 09:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.