De muontsen fan de ekokatedraal

desimber 31, 2019 17:41

Yn tydskrift De Nije beskriuwt Aant Mulder syn moeting mei in tal ‘folgelingen’ fan Louis le Roy. Dat wie in tekenlearaar, skriuwer en byldhouwer dy’t himsels ‘ekotekt’ neamde. It projekt dat him it meast oan it hert gie en dêr’t lang nei syn dea noch hieltyd oan trochwurke wurdt, is de ekokatedraal yn Mildaam.

Yn Mildaam stean heimsinnige bouwurken. Boarne: Aant Mulder

Ut it artikel dêroer fan Aant Mulder, dat úteinset op side 5 yn nûmer 1 fan De Nije: “Le Roy krige oanbiedingen foar projekten. Hy hie jild fertsjinje kinnen. It rûn fêst op de betingsten: tekeningen ynleverje en sizze wannear’t it klear is. Le Roy woe altyd dat in plan trochrûn yn de tiid, dat er trochgean koe. Homminga: “Hy sei: Ik kin grûn krije, ik kin jild krije, mar nimmen wol my tiid jaan.” Dêrom kaam der letter in stichting, dy’t de namme TIJD krige, want tiid is altyd it belangrykste. Hy woe trochgean kinne. Dêr hat de namme katedraal mei te krijen. In katedraal bouwe, betsjutte dat der eins altyd trochboud waard. De minsken dy’t begûnen, wisten net hoe’t it einigje soe. Net it bouwurk, mar dat der trochboud wurde koe, dat wie fan belang. It gie him om in soarte fan anonym groepsproses, dêr’t de natuer syn gong wer yn gean koe.”

Tema fan de nijste jefte fan it Frysktalige tydstkrift De Nije, dy’t no yn tydskriftekiosken, boekhannels en de supermerken fan Poiesz leit, is it spanningsfjild tusken lânskip en ekonomy. It blêd kostet los € 4,95 (yn de winkel); de priis foar in abonnemint (fjouwer jeften yn it jier) is € 17,50. Reaksjes en/of oanmeldings foar abonneminten kinne nei: redaksje.denije@gmail.com.

desimber 31, 2019 17:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.