De Ingelsken stappe út de EU, mar litte harren taal benefter

desimber 31, 2019 13:17 Fernijd

As in nij lân lid wurdt fan de Europeeske Uny, dan mei it in offisjele taal meinimme – en mei wat lobbywurk soms mear as ien. It Feriene Keninkryk hat dat yn 1973 dien, doe’t it lân lid waard fan de Europeeske Ekonomyske Mienskip, in foargonger fan ‘e EU.

Op dat stuit wie it Frânsk lykwols de wichtichste taal yn ‘e Europeeske gearwurking. Dat kaam trochdat Frankryk doe de dominante lidsteat wie. Dat lân hat it lidwurden fan it FK lang tsjinhâlden. It Frânsk wie boppedat fan de talen dy’t yn ‘e EEM praat waarden, ynternasjonaal sjoen de wichtichste, en de foarnaamste Europeeske ynstituten sieten yn stêden dêr’t it Frânsk de foarnaamste fiertaal wie.

Yn de jierren njoggentich krige it Frânsk hieltyd mear konkurrinsje fan it Ingelsk. Dat kaam mei trochdat de ynwenners fan ‘e nije lidsteaten dy taal gauris better yn ‘e macht hiene as it Frânsk.

Ierlân en Malta, dêr’t it Ingelsk in wichtige taal is, waarden ek lid, mar dy lannen hawwe it Ingelsk net as offisjele taal meinommen. Hja hawwe keazen foar it Iersk en it Malteesk. It Feriene Keninkryk is it iennichste lân dat it Ingelsk as offisjele EU-taal oandroegen hat.

As in lân út de EU stapt, kin de offisjele taal dy’t dat lân oandroegen hat, lykwols syn status hâlde. De Europeesk Rie fan ministers stelt de offisjele wurktalen fêst en kin der teoretysk foar kieze om it Ingelsk syn status ôf te nimmen. De kâns dat it dêrta komt, is lyts. Yn tefolle EU-organisaasjes is it Ingelsk de wichtichste of ien fan de wichtichste fiertalen wurden. Sa kin it barre dat de Ingelsken troch it EU-lidmaatskip fan it Feriene Keninkryk harren taal meinommen hawwe nei Europa en dy no, by harren fuortgean, benefterlitte.

desimber 31, 2019 13:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. sybren desimber 31, 17:28

    Noch in lytse nuânse: der binne offisjele talen en wurktalen. Sa is it Iersk wol in offisjele taal mar gjin wurktaal. Itselde wie wier foar it Maltees, mar dat wurdt no ek in wurktaal.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.