Klaas Kikstra (100) is de âldste fytser fan Waadhoeke

desimber 13, 2019 11:00 Fernijd

Yn novimber 2019 hat de gemeente Waadhoeke in syktocht holden nei de âldste fytser fan Waadhoeke. Dêr kamen in soad  reaksjes op! Mar ien persoan sprong der kwa âldens út: Klaas Kikstra út Frjentsjer. Hy is hûndert jier âld mar fytst noch geregeld. Op freed 13 desimber 10.00 oere ferrasten wethâlder Boukje Tol en it Fytsersbûn him mei de Gouden Traper.

Ofbylding: pixabay.com

Fytse op jins 100ste
Kikstra is noch o sa fitaal. Hy wennet yn in oanleunwente fan Saxenoord. Mar hy makket noch hieltyd fytstochtsjes nei Menaam en Harns. Foarhinne gyng er ek noch op besite yn Alde Leie. Mar dat is him spitigernôch te fier. Faak giet er ek op ’e fyts nei swimbad Bloemketerp, dêr’t er de daaljes fersoarget. Syn geheim? “Net smoke en net drinke”, sa’t er sels seit.

Trochtraapje
De syktocht nei de âldste fytser fan Waadhoeke is holden yn it ramt fan it projekt ‘Trochtraapje’. Dat is in lanlik programma dêr’t gemeenten senioaren yn stimulearje om sa lang en sa feilich mooglik troch te gean mei fytsen. Oar jier binne der yn Waadhoeke noch mear aktiviteiten op it mêd fan Trochtraapje, tink oan fytstochten en leuke wurksjops.

Gouden Traper as wikselbokaal
As âldste fytser fan Waadhoeke wint Kikstra ûnder oare de graach wûne Gouden Traper. Dy wikselbokaal, beskikber steld troch de provinsje, rûlearret tusken de oare Fryske trochtraapgemeenten.

Oare trochtrapers
Kikstra is net de iennige trochtraper yn ’e gemeente. Alle oare nominearre âldste fytsers hawwe in weardebon krigen foar in ûnderhâldsbeurt foar de fyts.

desimber 13, 2019 11:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.