Carles Puigdemont stiet foar drege kar nei útspraak rjochter

desimber 19, 2019 13:29

Carles Puigdemont (foto: Wikipedia)

Carles Puigdemont, de Katalaanske presidint yn ballingskip, mei yn Europa frij reizgje sûnder it risiko te rinnen dat er oppakt wurdt. Dat folget neffens syn abbekaten út de útspraak dy’t it Europeesk Gerjochtshôf hjoed dien hat oer fise-presidint Oriol Junqueras.

Yn prinsipe hat Puigdemont dus ek it rjocht om nei Kataloanië ta te reizgjen. Oant no ta hat er dat net dien, om’t justysje yn Spanje him arrestearje wol foar syn rol yn de organisaasje fan it ûnôfhinklikheidsreferindum fan 2017.

Syn abbekaten riede him lykwols ôf om nei Spanje ta. In reis nei buorlân Frankryk achtsje hja ek net tûk, om’t beide lannen it net begrepen hawwe op regionale ûnôfhinklikheidsbewegings. De abbekaten binne der net gerêst op dat hja Puigdemont gewurde litte.

As Puigdemont dochs nei Kataloanië reizget en him dêr op ‘e nij kieze lit as folksfertsjintwurdiger of as presidint, dan hat er in probleem. Hy kin dan nammentlik allinnich beneamd wurde as er syn lidmaatskip fan it Europeesk parlemint opsein hat. Dan rekket er syn parlemintêre ûnskeinberens kwyt en kin er arrestearre wurde. It is net bekend oft er dat risiko oangean wol.

desimber 19, 2019 13:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.