Bysûndere fulkanyske bult op moanne fûn

desimber 20, 2019 09:08

Undersikers dy’t it moanne-oerflak bestudearren op syk nei spoaren fan ynslaggen yn it ferline, fûnen in bysûndere bonus.

Foto: NASA

Wittenskippers dy’t ûndersyk diene nei it saneamde Krisium-bekken op ’e moanne, in krater mei in trochsneed fan sa’n tûzen kilometer, fûnen yn it bekken in soarte fulkanysk stiente dat tsjinje kin as in definitive geologyske klok. Yn ’e takomst soene romtefarders of in robot dêr faaks in meunster fan nimme kinne om te bepalen hoe âld it stiente is. Sa soe dúdlik wurde kinne wat der yn ’e oertiid op ierde barde, doe’t foar it earst libben ferskynde op ús planeet.

Yn it bekken is in geologyske ferheging, sa grut as it eilân Teksel. It ûndersykstiim skriuwt yn it fakblêd Journal of Geophysical Research: Planes dat dy fulkanyske bulte ûntstien liket te wêzen troch frjemde ûndergrûnske magma-aktiviteit. De ûndersikers hawwe dêr op it stuit noch gjin ferklearring foar. De kennis oer de ynslaggen dy’t op ierde bard binne, is noch net foldwaande. Dat komt foaral trochdat waarsomstannichheden en it hieltyd skowen fan tektoanyske platen it bewiismateriaal op ierde útwiskje. Mar op de ynaktive moanne binne miljarden jierren oan kraters boppe-op kraters werom te finen. Sa soe de moanne yndirekt bewiismateriaal befetsje kinne fan ynslaggen yn it ferline op ús planeet.

desimber 20, 2019 09:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.