Byâlds hiene de Friezen it oer ‘krysttyd’

desimber 25, 2019 09:01 Fernijd

Op ‘e radio is it programma Kryst mei Douwe te hearren. Dat is neffens it Wurdboek fan de Fryske Taal min Frysk. Kryst is in frij nij wurd, dat om 1950 hinne opkomt. It wurdboek neamt it in hollandisme.

Wat is dan wol goed Frysk? Op krystkaarten sjocht men faak Noflike krystdagen stean. Yn it Frysk wurdboek stiet by kerstmis as oersetting krysttyd. Yn it Wurdboek fan de Fryske Taal stiet krysttiid. Op Taalweb stiet ek krysttiid.

Taalkundige Jan Stroop hat in kaartsje op Twitter set mei de nammen dy’t om 1880 hinne yn gebrûk wiene. Dêr is op te sjen dat in foarm dy’t op kersttijd liket yn Fryslân de gewoane namme wie. Oft dat mei in koarte y of in lange ii wie, is net mear nei te gean.

Opfallend is fierders dat de Grinslanners wurden lykas krysttyd/tiid/dagen hielendal net koene. Allinne yn it Westerkertier diene hja mei, yn de rest fan ‘e provinsje wie midwinter it gewoane wurd, krekt as yn stikken fan Drinte, Oerisel en Gelderlân.

It kaartsje is oarspronklik makke troch dialektolooch A. Weijnen. It stiet hjirûnder:

desimber 25, 2019 09:01 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.