“Bûtenkatten oertrêdzje Europeeske regels”

desimber 1, 2019 20:38

Losrinnende katten meitsje oare bisten dea, lykas mûzen en fûgels. Twa wittenskippers fan de Universiteit fan Tilburch stelle yn in artikel yn Journal of Environmental Law dat katten ‘de grutste útroeiers fan diersoarten fan de wrâld binne” en dat minsken dy’t harren kat bûten rinne litte, dêrom eins Europeeske wetjouwing oertrêdzje.

Foto: pixabay.com

De húskat is ien fan de grutste útroeiers fan bistesoarten op ’e wrâld, skriuwe de ûndersikers yn it artikel. Foar hast 370 bedrige bistesoarten is de kat in gefaar; yn Europa stiet er sels yn de top trije fan skealikste bûtenbisten. De húskat komt oarspronklik út Afrika. Allinnich al yn Nederlân wurde alle jierren neffens rûzing 140 miljoen bisten troch katten deade, skriuwe de twa juristen.

Europeeske rjochtlinen skriuwe foar dat Nederlân, lykas oare Europeeske lannen, ferplichte is beskate soarten te beskermjen. Dêr heart neffens de ûndersikers by dat der regels steld wurde oan it hâlden fan katten as húsdier. In kat sûnder tafersjoch omrinne litte, is feitlik by wet al ferbean, sizze de juristen. De steat soe neffens harren mear dwaan moatte om de ferwyldere húskat te bestriden.

desimber 1, 2019 20:38
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer desimber 5, 08:37

    Fan âlds of oan hat de minske de kat as húsbist hâlden.
    It wie en is gewoante dat dy, sûnder dat immen derby is,
    bûtendoar te strúnjen giet, en dan werom nei de hâlder binnen giet.
    Dit is einlik gewoanterjocht, wêr opstelde regels en wetten, rekken
    mei hâlde moatte. It liket der in bytsje op dat Nederlân oangeande E.U.-regels it “beste jongetje uit de klas” wêze wol.
    Dit is ek te sjen oan de tapassing fan ‘e “stikstof”-rjochtlinen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.