Bûsboekje-poëzykriich wûn troch Johannes Dijkman út Burgum

desimber 3, 2019 23:32

De poëzykriich fan it Bûsboekje is wûn troch Johannes Dijkman út Burgum foar syn gedicht ‘Longerje’. De oanmoedigingspriis gie nei Nynke Terpstra (18), ek út Burgum, foar har gedicht ‘Wjerljocht’. De prizen waarden útrikt troch kultuerdeputearre fan Fryslân Sietske Poepjes op in gearkomste tiisdei yn kafee Luwt yn Ljouwert.

Nynke Terpstra kriget de oanmoedigingspriis fan deputearre Poepjes

De karkommisje, besteande út Janneke Spoelstra, Sieta de Vries en Minke Dooper hie nei de oprop fan de Bûsboekjeredaksje ein july sechtjin gedichten krige, dy’t ynstjoerd wiene troch yn totaal tsien dichters. De karkommisje wie wakker optein mei dy rispinge. De twa priiswinners hiene neffens de karkommisjen moaie gedichten skreaun, mei opbou en ienheid. Dat die bliken doe’t se harren gedicht foardroegen. Gabriëlle Terpstra fan it dichterskollektyf Pauperpoëzij hat ek noch gedichten foardroegen.

De poëzykriich waard organisearre omdat it nije Fryske Bûsboekje (2020) klear is. De 45e edysje, in lustrum! Dit jier is it tema: “tiid. Direkte oanlieding foar it tema is de aktuele diskusje oer simmer- en wintertiid dy’t it kommende jier grif trochgiet. Wêr kieze wy foar: simmertiid of wintertiid? Wurdt 2020 it lêste jier dat wy twaris de klok fersette?

De Bûsboekjeredaksje bestiet út Adalgard Wilemsma, Minke Dooper, Sieta de Vries, Piter Andringa, Arjen Dijkstra en Klaas Johan Osinga.

desimber 3, 2019 23:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.