Breeuwsma en Van Ruijven ferdigenje titels by KPN NK Shorttrack 2020 (4-5 januari)

desimber 31, 2019 12:25

Hjir Sjinkie Knegt yn aksje – Foto: www.awfoto.nl

Ljouwert is yn it wykein 4 en 5 januari 2020 it toaniel fan de KPN NK Shorttrack. It is foar de earste kear dat dy yn de Alvestêdehal holden wurde. It giet derom oft Lara van Ruijven en Daan Breeuwsma deryn slagje om harren titels te hâlden.

Net allinne de nasjonale titels steane lykwols op it spul, de seleksjekommisje Shorttrack fan de KNSB makket nei dizze NK ek bekend watfoar riders (yndividueel en relay) op 24-26 jannewaris oan de ISU EK shorttrack yn it Hongaarske Debrecen dielnimme.

Suzanne Schulting, dy’t har Europeeske titel ferdigenet, is op grûn fan har resultaten yn de World Cups frijwol wis dat se oan de EK dielnimt en de kânsen fan Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof binne ek grut. By de froulju hat Nederlân trije yndividuele startbewizen.

Foar de manlju stiet dat noch te besjen. It binne net inkeld de resultaten yn Ljouwert dy’t meitelle, mar dy fan de earste fjouwer World Cups yn dit seizoen ek.

Aktuele ynformaasje oer de wedstriden, mei de útslaggen, sil te finen wêze op schaatsen.nl (https://knsb.us2.list-manage.com/track/click?u=d905e8629b676745c2fcd6218&id=b057aead91&e=1d50b0a07f. Dêr is de sneins ek in livestream op, mar moaier is it fansels om de wedstriden sels by te wenjen.

Programma
Sneon 4 jannewaris: 10.00 – 15.00 oere: time trials en kwartfinales 1500m, 500m en 1000m.
Snein 5 jannewaris: 11.00 – 16.00 oere: (heale) finales 1500m, 500m, 1000m, superfinale (3000m) en finale mixed gender relay.

desimber 31, 2019 12:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.