Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 33
Resint ferskynd
Drok… yn ’e weak
Soms hat men fan dy wiken dy’t der efkes fiks boppe útkypje. Okkerdeis hie ik sa’nien. Sûnt ik de titel enerzjykommissaris drage mei is myn belutsenheid by de Fryske enerzjyprojekten nochal tanommen.
Blue Zone
Ik mocht yn dy wike seis lêzingen oer enerzjy jaan foar âlderen, studinten en in groep meitinkers oer Fryslân as Blue Zone. Dat wie ek it gefal op de Noardlike Klimaattop yn Grins. Trettjinhûndert minsken wiene tsjûge fan de grutste Noardlike Klimaattop dy’t der ea holden is.
Sa’n klimaattop giet oer fan alles wat der op it mêd fan CO2-reduksje spilet. Wyn, sinne, geotermy, mar ek oer papieren bekers en it kweken fan griente ûnder sinnepanielen. Mear as hûndert auto’s dy’t gjin benzine of disel brûke mar elektrysk of grien gas, wiene dêr.
Mear as hûnderttûzen Friezen
Politisy, bedriuwen, boargers en gelokkich ek in hiele potte studinten en sels basisskoallen wiene der op dy sinnige dei by oanwêzich. Fan maaie ôf binne wy al mei groep út Grinslân, Fryslân en Drinte dwaande mei it tariden fan in ferfolch op de Alvewegetocht fan 2018. Yn dy twa wiken yn july hawwe dêr doe mear as hûnderttûzen Friezen oan meidien. Twa wike lang hawwe in ûnwittend tal ynwenners yn it jier fan Kulturele Haadstêd sjen litten dat it mooglik is om sûnder fossile brânje te reizgjen. Mear fytse, thúswurkje, op grien gas of elektrysk ride. Of nim de entûsjastelingen dy’t swimmendewei of sels op in hynder nei it wurk giene. It waard alle dagen gekker! Wa ken no net blauwe disel? En dan ek noch alle jûnen in útstjoering op de NPO.
Ferfolch
Yn 2020 komt der dus in ferfolch. Drinte en Grinslân dogge ek mei. De twa wiken binne dan fan 1 oant en mei 13 juny. Op de klimaattop is dat wiidweidich oankundige troch Sietske Poepjes en har kollega-deputearren fan Grinslân en Drinte.
Harm Edens en Marijke Roskam diene de presintaasje en krigen de seal safier dat op grutte skaal de buordsjes mei ‘Ik doch mei!’ omheech giene. Spitigernôch moast de namme Alvewegetocht yn de oanloop nei dizze dei de slach ferlieze. De nije namme is ‘de fossielvrije weken’. Dat past better no’t Grinslân en Drinte derby binne.
Wy sette no útein mei de kampanje yn de trije noardlike provinsjes. Wat sile wy dwaan en mei wa en hoe?
Der komt yn alle gefallen in karavaan fan fossylfrij reau, dy’t twa wike lang troch de trije provinsjes rydt, 24 oeren deis. De stoet docht de plakken oan dêr’t bysûndere projekten of ideeën binne.
It wurdt wer in moai karwei foar de kommende sân moanne. Elkenien kin wer meidwaan, dat… wa wit binne jo of bisto yn juny 2020 ek fan de partij. Mei de buert, it doarp of mei de sportferiening? It kin allegear. Lis it mar yn ’e weak!
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje