BOCK-kampanje set útein mei meiwurking fan Mooi Wark

desimber 16, 2019 11:30

Moandei 16 desimber jout Mooi Wark yn gearwurking mei de inisjatyfnimmers fan de BOCK-kampanje it startskot fan dy kampanje. In echte BOCK hat doppen op! Dat is dit jier it boadskop fan de BOCK-kampanje dy’t him rjochtet op feilich karbidsjitten.

Karbidsjitten yn Ie op âldjiersdei. Foto © Marcel van Kammen

Mooi Wark is op it stuit de bekendste boererockband fan Nederlân en sprekt ta de ferbylding by de grutte efterban fan de tradysje fan it karbidsjitten. Yn ’e oanrin nei de jierwiksel ta hat Mooi Wark spesjaal foar dy tradysje in nûmer skreaun en yn syn repertoire opnommen. By de start fan de kampanje wurdt dat hearre litten.

Wat is de BOCK-kampanje?
Karbidsjitten is in tradysje dy’t – neist it fertroude knallen – foar gesellichheid by de jierwiksel soarget. Mooi Wark wol dy tradysje behâlde foar de kommende generaasjes. Feiligens stiet dêrby foarop. Mei de BOCK-kampanje wurde tips jûn foar feilich karbidsjitten oan sawol de karbidsjitters as oan de taskôgers. De BOCK-kampanje is fiif jier lyn úteinset mei it jaan fan algemiene feilichheidstips. De ôfrûne twa jier is it omtinken ferlein nei it sjitten mei ballen. Fan dit jier ôf rjochtet de kampanje him op de bewustwurding fan de beskerming fan it gehoar.

Dielnimmende partijen
De BOCK-kampanje is in inisjatyf fan de Stichting Carbidschieten Drenthe, Feilichheidsregio Drinte en it Brânwûnesintrum yn Grins. Underwilens stypje ek de feilichheidsregio’s Fryslân, Grinslân en Isellân, de GGD, santich gemeenten en de Brânwûnestifting de kampanje. Like wichtich is dat de kampanje ek troch de karbidsjitters omearme wurdt.

Startskot
Neist de meiwurking fan Mooi Wark stride alle jierren fjouwer boargemasters/wethâlders út namme fan harren provinsje om de BOCK-bokaal. Mei in stikmannich entûsjaste karbidsjitters losse sy, yn in wedstriid ûnderinoar, in pear skotten. Fan dat stuit ôf kinne de dielnimmende gemeenten en organisaasjes de spesjale BOCK-eardoppen oan karbidsjitters útrikke.

desimber 16, 2019 11:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.