Belgyske polityk akseptearret Flaamske subsydzjestop foar ymmigrante-organisaasjes net

desimber 4, 2019 16:13

Organisaasjes dy’t allinnich warber binne foar beskate groepen ymmigranten krije yn Flaanderen gjin subsydzje mear. Dy maatregel sinniget lykwols net elkenien. Der is no in fûle politike striid oer ûntstien. It nasjonale parlemint wol him mei de kwestje bemuoie.

De Flaamske oerheid besuniget op ‘e subsydzjes foar sosjale en kulturele organisaasjes. It budzjet giet mei seis persint tebek. Ta de grutte ynleverders hearre de Kristelijke Werknemersbeweging, dy’t bygelyks toanieljûnen, dûnslessen en museumútstapkes organisearret, en it fytsersbûn. Hielendal gjin subsydzje is der mear foar de federaasje fan Marokkaanske ferienings.

“Je kan nieuwkomers laten emanciperen in onze eigen verenigingen, ofwel ze in hun eigen groep laten werken. Wij kiezen nu duidelijk voor het eerste. Het is de weg naar een echt inclusieve samenleving”, skriuwe it kristen-demokratyske parlemintslid Karin Brouwers, har liberale kollega Stephanie d’Hose en N-VA’er Marius Meremans, de betinkers fan it plan, dat yn it regearakkoart al oankundige wie.

Troch in gearwurking fan de Flaamske opposysjepartijen en Frânske partijen sil it lanlike parlemint fan België, de Keamer en de Senaat, him no lykwols oer de kwestje bûge. Dat kin derta liede dat de lanlike polityk Flaanderen ferbiedt om it subsydzjebelied út te fieren. Wylst de Flaamske regearingspartijen de organisaasjes dy’t gjin subsydzje mear krije “segregerend” neame, hat de opposysje it oer “discriminatie”.

Meremans is min te sprekken oer de aksje. Hy seit: “De linkse oppositie kiest hiermee om de Vlaamse autonomie te beknotten. 75 procent van het Vlaams Parlement ging dit decreet goedkeuren. Dit decreet is duidelijk niet discriminerend, maar links wil hiermee het beeld creëren van de ‘onverdraagzame’ Vlaming. Franstaligen partijen zullen nu mee bepalen over Vlaams beleid, dit is een gevaarlijk precedent.”

Hoewol’t de lanlike polityk formeel it rjocht hat om him mei de ynterne polityk fan Flaanderen, Brussel of Walloanië te bemuoien, wurdt dat hast nea dien. Soks leit yn België nammentlik tige gefoelich. De lêste kear dat soks barde, wie yn 1985.

desimber 4, 2019 16:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.