Band WIEBE wint Bernlefpriis 2019

desimber 21, 2019 09:16

De band WIEBE is de winner fan de Bernlefpriis 2019. Deputearre Sietske Poepjes rikte de priis freed 20 desimber út oan de band WIEBE yn popsintrum Neushoorn yn Ljouwert. Wiebe Kaspers, Florian den Hollander en Daan Slagter krigen by de útrikking op de Fryske Popawards in sjek fan € 1500.

WIEBE (foto: Christian Kamminga)

De Bernlefpriis fan de provinsje Fryslân wurdt alle jierren útrikt. De provinsje wol mei dy priis de Fryske taal yn de popkultuer in stimulâns jaan. Oare nominearren foar de Bernlefpriis wiene Frysk muzykfestival Liet en Sjoerd ensa.

Mei kop en skouders
De sjuery skreau yn it sjueryrapport dat de band WIEBE der mei kop en skouders boppe-út stuts. “Mei in nij album, ferrassende showkwaliteit fan muzyk en teksten, in protte gearwurkingsferbannen en tagonklikens. Safolle, te folle om op te neamen”, seit de sjuery.

De band WIEBE makket progressive popmuzyk mei Ingelske- en Frysktalige teksten. De band WIEBE bestiet út trije leden: Wiebe Kaspers (sang, toetsen), Florian den Hollander (bas) en Daan Slagter (drums). De band brocht yn 2019 syn tredde album Y út.

Sjuery
De sjuery fan de Bernlefpriis bestie fan ‘t jier út:

  • Marc de Bruin, direkteur fan MBN-producties
  • Willo de Bildt, muzykdosint en muzikant
  • Arjen Hut, Fryske skriuwer en dichter
  • Willem de Vries, radiomakker, presintator, talintoanjager en DJ
  • Emiel Stoffers, eigner Frisian Music en frontman fan de Fryske band De Hûnekop

Mear witte oer de prizen fan provinsje Fryslân? Sjoch op www.fryslan.frl/provinsjaleprizen.

desimber 21, 2019 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.