Antyswartepytaktivisten besykje om Swarte Pyt fan YouTube ôf te krijen

desimber 1, 2019 12:33

No’t de grutte omroppen de Sinteklaasyntocht sûnder swarte piten útstjoere, hawwe foarstanners fan ‘e tradisjonele foarm fan it Sinteklaasfeest in eigen searje oer de Sint en syn helpers op YouTube set. Dat is de tsjinstanners lykwols net nei ‘t sin. Hja besykje om de fideorige De staff van Sinterklaas fan ynternet ôf te krijen.

De ôfleverings fan De staff van Sinterklaas ferskine sûnt 11 novimber stik foar stik op it filmkewebstee YouTube. Se lykje op ‘e programma’s dy’t de ôfrûne tsientallen jierren yn it Sinterklaasjournaal op ‘e Nederlânske telefyzje te sjen west hawwe, mei Sinteklaas en syn swarte feinten dy’t harren yn it kastiel fan de Sint yn Spanje tariede op ‘e reis nei Nederlân.

Dat is guon tsjinstanners likemin nei it sin as de útstjoerings earder op ‘e telefyzje. Hja hawwe fan YouTube easke dat it bedriuw de útsjoerings weihellet. Neffens harren is der sprake fan rasisme. Perfester Simone van der Hof fan de universiteit yn Leien is saakkundige op it mêd fan rjocht yn de ynformaasjemaatskippij. Neffens har hawwe de tsjinstanners ûngelyk: in akteur mei swarte smynk is neffens har net strafber.

Foarstanners fan Swarte Pyt hawwe ek besocht om tsjinstanners stil te krijen. Nei klachten is de Instagramside fan aksjegroep Kick Out Zwarte Piet fan Facebook helle. Neffens Facebook wie dat lykwols in flater. De side is wilens wer te sjen.

Op it stuit binne de ôfleverings fan De staff van Sinterklaas noch op YouTube te sjen. Hjirûnder steane in pear.

desimber 1, 2019 12:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.