Abbekaat pleitet foar help foar “kwetsbaar” IS-frommes

desimber 1, 2019 00:11 Fernijd

Yn it Belzelân binne freed twa froulju oankommen dy’t harren oansletten hawwe by terreurorganisaasje IS yn Syrië. De twa binne troch de Turkske oerheid oan België oerdroegen, om’t hja út Antwerpen komme. It giet om Fatima en Rahma Benmezian. De twa binne opsletten yn finzenissen yn Antwerpen en Brugge.

De abbekaat fan Fatima Benmezian hat yn ‘e Belgyske media protestearre tsjin de behanneling fan ‘e twa troch de Belgyske plysje. Neffens mr. Abderrahim Lahlali is syn kliïnte gjin dieder, mar in slachtoffer. Hy neamt har “een kwetsbare vrouw” en seit: “Er komt te veel tegelijkertijd op haar af”. Fierder pleitet er derfoar dat hja en har suster psychologyske stipe krije fanwegen “de problematische stress-situatie” dy’t hja nei de fal fan IS yn Syrië meimakke hawwe. Hy seit dat Fatima Benmezian de ideeën fan IS net langer stipet.

desimber 1, 2019 00:11 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.