Aant Mulder: Lêswille moat leard wurde

desimber 10, 2019 07:41

Kollum

Fan ’e wike lies ik dat de learlingen yn it fuortset ûnderwiis hieltyd minder begripe fan wat se lêze. Wy ha it dan oer in fjirdepart fan de fyftjinjierrigen, dy’t yn 2018 oan it ûndersyk fan PISA (Programme for International Student Assessment) meidien ha. Op dat ûndersyk binne de útspraken basearre. Ferlike mei de lannen om ús hinne reitsje wy hieltyd fierder efterop. Ien op de fjouwer lêst dus net goed genôch mear om de lêzen teksten goed te begripen. Sokken ha gau har nocht fan it lêzen. Dy groep, dy’t net folle oan lêzen fynt en neat begrypt fan lêswille, wurdt hieltyd grutter. Mear as de helte fan de jongerein lêst allinne as it moat. Dat is in sifer dêr’t ik aansten op weromkom. Yn it ûndersyk stiet it hiel dúdlik: Nederlânske learlingen nimme mei in skoare fan 485 punten it 26ste plak yn op de OESO-ranglist fan 2018. Dat is alve plakken leger as yn 2015

Reaksjes bleaune net út. Sels de ministers lieten fan har hearre. Dy wolle in lêsoffinsyf. Alden moatte foarlêze en skoallen krije aansten dokuminten mei tips. De ferplichte lêslist moat wer lêswille opsmite. As de lêswille weromkomt, komt alles goed, wolle se ha. Ik leau der neat fan! Begryp my goed, ik ha neat op lêswille tsjin. Mar dêrmei begjinne, dat smyt neat op. Hoe kin men no wille ha fan dingen dy’t men net of net goed genôch kin. De wille komt as men de dingen kin of begrypt. Foarbylden: It earste reedriden wie net folle oan. De iiswille kaam doe’t ik aardich ride koe. Us bern ha op muzykles sitten. Dêr jilde eins itselde foar. Sy fûnen dy earste losse noaten wol moai, mar likegoed ferfeelde dat rillegau. Sy krigen der pas aardichheid oan doe’t se hieltyd moaiere ferskes spylje koene. Se liezen fansels ek leaver Nederlânske as Fryske boeken om’t se op skoalle Nederlânsk learden. It giet dus hieltyd om de technyk en dy technyk moat leard wurde. Dan kin de wille komme. Net earder.

Ik bin it iens mei de minsken dy’t sizze en skriuwe dat der genôch moaie en nijsgjirrige boeken foar de ferskillende doelgroepen wêze moatte. Dy boeken moatte yn boekhannels, biblioteken en skoallen suver foar it krijen lizze. Dat útnûgjende kin positive gefolgen ha. Mar as der net lêzen wurde moat, komme we net folle fierder. Alden moatte foarlêze. As de bern in bytsje lêze kinne, moatte de rollen omdraaid wurde. Skoallen moatte heech ynsette op de technyk fan it lêzen. Ik leau dat it klassikale lêzen syn tiid wol hân hat, mar it mei-inoar lêzen fan lêsboekjes as dy fan Godfried Bomans Pim, Frits en Ida of Saskia en Jeroen fan Jaap ter Haar laten ta prachtige petearen en lêswille. It moatten stie foarop. Dúdlik. Der wie gjin ûntkommen oan.

Ik tink likegoed dat ik sûnder de ferplichte literatuerlisten
fan it fuortset ûnderwiis minder lêzen hawwe soe as ik no dien ha.

Ik hie op de iene of oare ûndúdlike wize wol aardichheid oan lêzen. Ik tink no dat ik doedestiden de technyk fan it lêzen op skoalle goed leard ha. Ik gie graach nei de doarpsbiblioteek oant ik de measte boeken fan dy lytse kolleksje wol lêzen hie. Doe brocht de buorman útkomst. Dy hie in bedstee fol boeken oer in grut ferskaat oan ûnderwerpen. Dêr hearde it Frysk ek by. Ik lies dus. Ik tink likegoed dat ik sûnder de ferplichte literatuerlisten fan it fuortset ûnderwiis minder lêzen hawwe soe as ik no dien ha. Ik lies boeken yn ferskillende talen en oer dy boeken moast praat wurde. It moast, mar ik krige der wol hieltyd mear aardichheid oan. Ik lies yn dy tiid net folle Fryske boeken. Dat hie fansels te krijen mei de ûntbrekkende technyk. Frysk lêze, dat hie ik no krekt wer net op skoalle leard. Doe’t ik letter Frysk studearre en dus ek boekelisten fan Fryske boeken gearstalle en lêze moast, gie der in wrâld foar my iepen. Mar it wie wol hieltyd: earst de technyk en dan de wille.

Wa’t no net daliks wille oan it lêzen belibbet, hat suver in alternatyf. Ik bedoel de smartfone fansels. Efkes gau wat opsykje en men kin wer meiprate. Dat slagget allinne mar, as dy technyk begrepen wurdt. Dat ferget gjin lange jierren fan stúdzje. Dat mei de smartfone kin de lêsproblematyk aardich omsyld wurde. Dat sil alteast de gedachte wêze. Sûnder erchtinken kreëarje we sa wer ris in twadieling: oan ’e iene kant de groep dy’t goed lêze kin en oer de ynhâld prate kin en oan de oare kant de groep dy’t globaal wit wêr’t it oer giet en dêr yn in pear wurden mieningen op basearret. Dy beide groepen reitsje hieltyd fierder útinoar. Dat as ik sjoch hoe’t amtlik en wittenskiplik op grûn fan stikken diskusjearre wurdt en hoe’t dat op de sosjale media bart, dan bin ik der net gerêst op oft beide groepen inoar noch folle langer begripe.

It Frysk is fan dy gong fan saken de dupe. Yn boekhannels, biblioteken en skoallen lizze en stean net folle Fryske boeken. De skoallen dogge net folle oan de technyk fan it Frysk lêzen. Fryske boeken komme amper noch op literatuerlisten foar. Ik tink oan de Afûk-kursussen fan eartiids. Doe moasten boeken lêzen wurde. Kursisten waarden op eksamens op dy boeken befrege. Literatuer wie ûnderwerp fan petear. As ik no op kursussen wolris oer boeken praat, hear ik earst en meast dat it boek by heit en mem thús yn ’e kast stiet.

It is mar goed dat yn it PISA-ûndersyk it Frysk bûten beskôging bleaun is. Dat hiene grif omkearde resultaten wurden; net in kwart, mar trijekwart of sa soe grif de Fryske teksten net echt goed begripe kinne. Dat moat oars. De technyk moat leard wurde en we ha mear boeken en tydskriften op in ferskaat oan plakken nedich.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 7 desimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

desimber 10, 2019 07:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.