Aant Mulder: Leauwe oan Sinteklaas

desimber 3, 2019 07:19

Kollum

Leauwe oan Sinteklaas, dat dogge we fan ’t jier noch en dan hâldt it op. Wy dogge dat sa, om’t de lytste pake- en beppesizzer no noch leaut en neffens de heit en de mem it oare jier net mear. De bernsbern fan ús binne sûnt se it har heuge kinne fan betinken dat de echte Sinteklaas yn Balk oankomt. Sy ha oant no ta net in yntocht oerslein. Sy fine it prachtich sa’t Sinteklaas mei syn swarte piten oanfarren komt. Hoe’t er dêrnei alle tiid nimt om de lange rige fan âlden en bern bylâns te rinnen, fine se hast noch moaier. Dat er ûnderwilens foar elkenien in aardich wurdsje hat en dat de piten foarút drave of omhingjen bliuwe en rynsk pipernuten útdiele, dêr giet it de bern fansels benammen om.

Dan giet it, efter Sinteklaas en de swarte piten oan, nei it poadium ta yn de Dûbelstrjitte. Wa’t noch net begrepen hie wêrom’t Sinteklaas mei sa’n suterich stêfke tusken de bern troch rûn wie, begrypt it no sa stadichoan wol. Poetspyt hat yn de drokte fan poetsen en ferstjoeren de stêf ek ferstjoerd. Dy is yn trije stikken en yn trije ferskillende doazen nei trije ferskillende adressen yn Balk stjoerd. It wurdt in hiel o-heden om fan dy trije stikken wer ien hiele stêf te meitsjen. Aldergelokst lizze dy dielen op plakken dêr’t Sinteklaas delkomt: it âlde gemeentehûs, Talmahiem en De Treemter. It wurdt in hiele moaie optocht mei SInteklaas yn in prachtige sjeas. De omstanners genietsje. De bern, dy doarmje om de piten hinne en freegje fansels wer om pipernuten.

In prachtige tradysje dêr’t we dus foar de lêste kear op dizze wize oan meidwaan kinne. De jongste pakesizzer leaut it oare jier ommers net mear. Automatysk moat ik weromtinke oan de tiid dat ik foar it earst net mear leaude. Wat in oare tiid! It heucht my net dat we Sinteklaas ynhellen. Hy kaam op skoalle en yn de doarpsherberch. Dat wie it. Net allinne dat it in hiele oare tiid wie, it wie ek in hiel oar plak. Logysk dat it iene sinteklaasfeest oars wie as it oare. Wy setten op de jûn fan 5 desimber foar de lêste kear de skuon op en giene dan op bêd. De oare moarn wiene de skuon fuort en moast hast it hiele hûs trochsocht wurde om dy en net te ferjitten de kado’s yn dy skuon werom te finen.

No moat troch SInteklaassjoernaal en lanlike yntocht op de telefyzje
alles yn ien kear eins oeral wol gelyk.

De oare moarns opsykje, kom dêr no ris om. Fan de kadokes wurdt no op fiif desimber in hiel feest makke. SInteklazen en swarte piten komme del, fan pakjes wurde moaie surprizen makke. Gedichten wurde skreaun. Bern en grutte minsken ha suver likefolle wille. Der wurde allegearre spultsjes mei dy en wer oare kadokes betocht. Us heit en mem diene sels net oan Sinteklaas. Sy wiene al bliid as de bern mei har kadokes bliid wiene.  Yn dy tiid koene maklik eigen dingen dien wurde. No moat troch SInteklaassjoernaal en lanlike yntocht op de telefyzje alles yn ien kear eins oeral wol gelyk. Tink mar oan it hynder fan de Sint.De namme Amearigo is samar ynienen feroare yn Ozosnel. De piten binne dêr fansels ek foarbylden fan: fan swart nei roetfeechpiten.

Der is wol mear feroare. Wy krigen om fiif desimber hinne boarstplaat en pipernuten. Boarstplaat ha ’k it mar net oer. Wa wit hjoed-de-dei noch wat dat wie. It waard ek wol sûkerguod neamd. Dat is it faaks wat dúdliker. It waard yn hiele moaie foarmen fan fierstente folle sûker makke. Boarstplaat dat ea ûntstie as in djoer middeltsje foar it hoastjen ha we eins net mear. Foar de echte pipernuten jildt hast itselde. Tsjintwurdich wurdt net mear mei echte pipernuten struid, mar mei krûdnuten. Dy wurde by sekfollen tagelyk makke en kinne goedkeap levere wurde. De echte pipernuten sjogge der minder rûn en glêd út as de krûdnuten. Echte pipernuten, dat is bakkersguod en dat betsjut dat se te djoer binne om mei te struien. Ik ha der efkes om socht, mar ik wit no dat der yn beide soarten piper sitte kin. Dêr komt de namme dus wei.

Sa troch de jierren hinne is der dus hiel wat feroare. Dêr kinne noch wol in pear dingen by. It is wol lestich dat de lokale ferhalen eins daliks strike moatte mei it Sinteklaassjoernaal. Hiel krekt komt dat no ek wer net. Tink mar oan de stêf yn trije stikken: net yn it sjoernaal, wol yn Balk. It leauwe fan de bern is grut! Dêr giet it ek net om. It giet derom dat Sinteklaas en piten de bern it gefoel jouwe dat se de bern kenne. It leauwe fan de bern soe ophâlde as de bern gewoan sjen soene dat SInteklaas en piten yn itselde doarp wenje.

Ik ha it der noch net oer hân, mar dêr sit wat my oanbelanget de oast as it om roetfeechpiten giet. Te folle fegen makket swart, te min makket werkenber. As SInteklaas en piten weromkend wurde is de aardichheid der gau ôf. Dêr knypt de skoech. Dat kin allegearre wol yn it Sinteklaassjoernaal en ek wol by de oankomst yn Apeldoarn. Dêr soene de helpers net iens weromkend wurde as se hielendal net sminkt wêze soene. De minsken kinne inoar dochs net. Dat is dus yn doarpen lestiger. Wat yn it sjoernaal wol kin, kin yn de doarpen soms net, wylst dêr wol mei rekkene wurde moat as we wolle dat it ien en itselde feest bliuwt. Roetfeechpiten yn de doarpen? Faaks moatte we ris neitinke oer in grutter ferskaat oan kleuren. Wêr binne de kleurpiten eins bedarre? Dy lykje wer hielendal fan de baan te wêzen. Of soe dat komme om’t we dan wer tefolle yn it farwetter fan de reinbôgeflagge sitte?

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 30 novimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
desimber 3, 2019 07:19
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jangerben Mulder desimber 4, 21:26

    Myn leagere skoalletiid wie yn Berkeap.(1947-1953) Dêr waard mei Sinte Merten jild ophelle foar de St Klaas kadoatsjes.Der waard dan jûns troch de bern fanâof de tredde klasse mei lampions sjongende troch it doarp rûn.Dan wiene der in pear âlderen dy’t hûs oan hûs rûnen mei in kollektebus, de opbringst fan san jûn waard besteed oan kadootsjes foar de skoallebern op St Klaasjûn.Op san jûn waarden troch de klassen toanielstikjes opfierd, mei dêr tusken it útrikken fan de kadootsjes.Dat wiene altiten hiel noflike jûnen, Dy waarden dan holden by de pleatslike kafee’s om en om.

  2. aant mulder desimber 5, 09:07

    Prachtich om te lêzen Jangerben Mulder, Sa koe it dus ek. Ik fyn it moai om te lêzen dat tradysjes doedestidens ûngelikens wiene. Tige tank. Mear foarbylden?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.