Aant Mulder: Bliid, mar gewoan Frysk is noch in ding!

desimber 17, 2019 07:00

Kollum

De ynspeksje fan it ûnderwiis kaam mei in Sinteklaaskadootsje. Op 5 desimber krigen de Steateleden de temarapportaazje Frysk yn it ûnderwiis ‘Sizzen is neat, mar dwaan is in ding’ tastjoerd. Dat is in ferfolch op ‘Fan winsk nei werklikheid’, it rapport fan 2010. Wa’t beide rapportaazjes njonkeninoar leit, kin moai ferlykje en tagelyk goed op ’e hichte reitsje oangeande de hjoeddeiske situaasje.

Wat oaren ek sizze, dit rapport is wat my oanbelanget in stik bûter yn ’e brij. Sa’n opmerking sil jimme wol fernuverje. Yn dat rapport stiet ommers fan alles dat net goed is. Taalprofilen en ûntheffingen liede net ta mear ambysje, mar foarmje earder de beskriuwing fan de taalsituaasje dy’t de skoalle sa hâlde wol. Tagelyk is it foar guon skoallen noch in hiel o-heden om de doelen dy’t by dat profyl hearre te heljen. Dêr komt noch by dat de keazen taalprofilen lang net yn alle gefallen goed by de skoallen passe. Dat wurdt noch wat as we tichteby 2030 komme. Yn it rapport stiet fierder dat it Frysk better fêstlein wurde moat yn kwaliteitssykly en dus yn taalbeliedsplannen, skoalgidsen en sa. Fan lear- en helpmiddels moat in better gebrûk makke wurde en datselde jildt foar opliedingen en fuortsette kurussen Frysk. Genôch om in tryst sin fan te krijen en dat docht bliken. Lês de ynstjoerde stikken en kollums der mar op nei.

Dat jildt net foar my, want ik bin suver út ’e skroeven! Ik lês yn datselde rapport ek hiele oare dingen. Skoalbern wolle Frysk leare. Wa hie dat tocht! Fan de learlingen yn it primêr ûnderwiis seit goed 56 prosint dat se Frysktalich binne. Yn it fuortset ûnderwiis is dat sels 60 prosint. As ik it allegearre goed begryp, docht de helte fan dy Frysktalige learlingen dêre op skoalle neat mei. Dy litte it Frysk mar gewoan thús. Dat seit wat oer dy skoallen! Dat stiet ek yn dy rapportaazje. Fan dy basisskoallebern seit ommers mear as de helte dat se de Fryske lessen somtiden of nea aardich fine en dat de lessen lang net altyd learsum binne. Der binne sadwaande in protte learlingen op basisskoallen en skoallen foar fuortset ûnderwiis dy’t wol graach wolle dat der mear oan it Frysk dien wurdt en dat de latte heger komt te lizzen. Mar ja, gewoan dwaan is in ding!

Ik wit it ek wol, it is allegearre te min en te let,
mar likegoed hat de temarapportaazje fan 2010 fan gefolgen hân
dat de Provinsje yn aksje kommen is.

No kinne we fansels wer weidûke yn diskusjes oer en wer, nije ûndersiken regelje en nije rapporten skriuwe en dêr wer oer yn diskusje gean of, ek net ûnaardich, hiele diskusjes opsette oer in Fryske ûnderwiisynspeksje of net. Oaren kinne grif noch wol mear ûnderwerpen betinke. Dêr binne we wol goed yn, mar it helpt it Frysk net foarút. Dêr leau ik neat fan. Ik wit it ek wol, it is allegearre te min en te let, mar likegoed hat de temarapportaazje fan 2010 fan gefolgen hân dat de Provinsje yn aksje kommen is. Sa is der hjoed-de-dei lesmateriaal beskikber dat differinsjaasje makliker makket en der binne toetsen om de taalûntwikkeling fan learlingen mjitte te kinnen. Der is ek in breed nei-opliedingsoanbod beskikber foar lesjouwers. Jild wurdt beskikber steld. Dat allegearre hat makke dat de ynspeksje nei eigen sizzen no wer in temarapportaazje hâlde koe. It is goed om te lêzen dat de ynspeksje ek nei de takomst ta wer meidocht. Sels sizze se it sa: ‘It is wichtich dat de bestjoeren har ynsette foar kwalitatyf goed ûnderwiis yn it Frysk op al harren skoallen. De ynspeksje hat dêrby in stimulearjende rol troch it jaan fan reparaasje-opdrachten as dat nedich is.’ No, dy reparaasje-opdrachten sille aansten grif needsaaklik wêze.

Yn de rapportaazje wurde de trijetalige skoallen, dêr’t hieltyd mear fan komme, en guon skoallen foar fuortset ûnderwiis neamd as foarbylden fan hoe ’t it ek kin. Wy ha no 76 trijetalige skoallen. Dat wiene 38. Wy ha 31 skoallen foar fuortset ûnderwiis mei in A-profyl (alles). Dêr hearre de seis meartalige en de acht skoallen mei Frysk as eksamenfak grif by. It kin dus allegearre wol. Der binne fierder goede opliedingen en kusussen, goede metoaden en materialen en goede foarbylden dus. Ferjit ek net dat hast 27 prosint (26,6) fan de basisskoallen en 40 prosint (39,7) fan de skoallen foar fuortset ûnderwiis gewoan dogge wat we eins fan alle skoallen ferwachtsje: Frysk sûnder ûntheffingen. Mar gewoan dwaan is noch in ding!

Ik bin dus bliid, mar we moatte ús skamje. Dat wol! As safolle learlingen graach goed Frysk leare wolle, wêrom rinne we dan mei-inoar net wat hurder om dat goed foarinoar te krijen? Wy ha it no lêze kinnen. Ik leau dy learlingen sûnder foarbehâld. Gjin ûndersiken, stúdzjes, rapporten en diskusjes mear, mar gewoan goed Frysk jaan. Mar faaks moatte dyselde learlingen fan basisskoallen en skoallen foar fuortset ûnderwiis ús dat noch wat dúdliker meitsje.

Ik hoech har net te fertellen hoe’t se dat dwaan moatte. Dat witte se sels wol, mar in Frysk taalfeest soe faaks wat wêze kinne. Dêr kin en moat dan wol wat oan foarôf gean. Ik soe alle Fryske learlingen oproppe wolle om yn aksje te kommen. Betink kaarte-aksjes en stjoer kaarten oan deputearre Sietske Poepjes. De 76 trijetalige skoallen en dy 31 A-skoallen foar fuortset ûnderwiis soe ik oproppe wolle om al dy learlingen dy’t mear en better Frysk ha wolle fan ’t simmer mei in moai Frysk feest op it Saailân op te moedigjen. Dat moat kinne! 2020, foar Frysk ûnder de 20!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 14 desimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
desimber 17, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.